Gjin Ald-Meiers Partij yn Hitsum fanwegen it coronafirus

De keatswedstriden foar famkes yn de Ald-Meiers Partij yn Hitsum geane dit jier net mear troch fanwegen it coronafirus. De partij stie foar 26 septimber op de planning, mar neffens de Kommisje Ald-Meiers Partij is it net ferantwurde om it te organisearjen.
De Ald-Meiers Partij yn 2019 © Henk Bootsma
De organisaasje jout oan wol socht te hawwen nei mooglikheden foar de keatspartij. Mar lang om let hat de kommisje yn oerlis mei it bestjoer fan keatsferiening De Eendracht besletten dat it net slagget. De 1,5 meter kin net garandearre wurde en der binne in soad frijwilligers dy't by de kwetsbere groep hearre.
As it al trochgean soe, dan soene der mar 250 taskôgers by meie. Al mei al giet de Ald-Meiers Partij yn Hitsum dus net troch. "Ondanks deze tegenslag gaan we er volgend jaar weer voor de volle 100% tegenaan," lit de kommisje witte.