Hurdfytser nimt kaai mei nei konflikt yn de Tsjongerdellen

In hurdfytser hat de kaai fan in auto stellen yn de Tsjongerdellen by Jobbegea. Twa hurdfytsers hiene in konflikt mei in boer, dêrnei is de kaai fan de auto meinommen en waard it efterljocht fernield. De plysje fan Súdeast-Fryslân is op syk nei de twa manlju, dy't fan middelbere leeftiid binne en fytsklean oan hiene.
Argyffoto fan in trekker © Shutterstock.com (Valentin Valkov)
De boer hat op Facebook witte litten dat syn jongfee losbrutsen wie op de dyk. Fia de Tsjongerdellen waard it fee werombrocht, doe't de twa hurdfytsers der gau omhinne fytse woene. Ien fan de minsken by de boer pakte in fyts beet, om't it fee skrikke soe fan de fytsers. De hurdfytser foel en waard lilk, neffens de boer is doe it efterjocht fernield en de kaai meinommen. De boer sil oanjefte dwaan.