Yllegaal feest op de Hegemer Mar wie spontaan optreden fan Johannes Rypma

It yllegale feest dat sneontejûn stillein is op de Hegemer Mar, wie in spontaan optreden fan sjonger Johannes Rypma. Der leinen goed 40 boaten foar anker mei sa'n 200 minsken oan board. De plysje hat in ein makke oan it feest fanwegen it tal minsken. Rypma wie it der net hielendal mei iens: "Eltsenien siet op syn eigen boat. En as jo wat ferkeard dogge op je eigen boat, dan moat de plysje dêr mar hinne farre. Wy hiene allegearre 1,5 meter. En op it ponton wie gjin publyk."
Rypma leit út dat dit optreden eins elts jier holden wurdt mei it SKS Skûtsjesilen. "Dat hie oars ek west. It wie no moai waar, dus it koe wol wat lije. Wy hawwe op de Hegemer Mar in ponton dellein, dêr't wy mei ús lûdynstallaasje op stiene. Wy binne gewoan begûn mei spyljen en minsken wiene frij om midden op de mar foar anker te gean."
Mar in fergunning wie der net foar oanfrege. "Mar je moatte ek besykje wat der mooglik is. In bytsje ôftaaste. Dit koe dus net. De muzyk snap ik wol, mar oant 22.00 oere binne je dêr frij yn. Dan moat it stil wêze."

Plysje op de mar

De sjonger tinkt net dat der problemen wiene op it wetter. "Ik kin my net foarstelle dat ien fan de mar belle hat, want eltsenien fûn it wol prachtich leau ik. Wy hawwe noch in oere spile. Doe kaam de plyje oansetten. Eltsenien rûn der fuort op ôf: wy moatte dy band hawwe, wa hat dit hjir organisearre? Wy seine: eins is der net in organisaasje. Wy binne frege om efkes te spyljen. Wy hawwe dochs neat te dwaan, al in healjier net mear. Dus wy hawwe it spul delset en wy binne spyljen gien. Witte wy folle wa't der komme."

Oars as pland

Foar de plysje wie it lykwols in útmakke saak dat it feest einigje moast. "In skûtsje en it ponton moasten fuort, want oars waard it skûtsje yn beslach nommen. Sy woene ús earst in dikke boete jaan as wy net opdonderen. Dus doe hawwe wy it spul dochs mar oan de kant lein. It ponton en skûtsje, de rest koe lizzen bliuwe. Mar letter binne der noch mear fuortstjoerd. Wy soene eins oant 21.00 oere spylje en dan soe it dien wêze. It is efkes oars rûn as pland."
Rypma lit de skouders der net by hingje. Op Facebook skriuwt er: "Mar klear oar jier sju we gewoan wer."
Johannes Rypma oer it optreden op de mar