Auto útbaarnd by Appelskea

26 jul 2020 - 14:49

Oan de Vaart Zuidzijde yn Appelskea is de nacht fan sneon op snein in auto útbaarnd. Dat barde op 'e hichte fan de âlde brânwachtkazerne. De brânwacht krige om 3.00 oere hinne in melding binnen fan de brân. It slagge om it fjoer rap út te meitsjen. Neffens de plysje is de auto 'ûnder fertochte omstannichheden' yn 'e brân rekke.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De wykagint fan Appelskea hat minsken op sosjale media frege om harren te melden as sy wat sjoen of heard hawwe fan de autobrân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)