Goed 250 minsken by protest tsjin coronamaatregels yn Ljouwert

26 jul 2020 - 20:11

By it protest tsjin de jildende coronamaatregels yn Ljouwert wiene sa'n 250 minsken. De demonstraasje, 'Samen terug naar normaal', sette om 14.15 oere, in kertier letter as pland, útein by de Aldehou. Der kamen stadichoan mear minsken by. Lang net eltsenien hold him oan de 1,5 meter ôfstân. Op lêst fan de gemeente wie al in pear kear oproppen om ôfstân te hâlden, mar dêr wiene guon demonstranten it net mei iens.

De oardel meter ôfstân waard net bewarre, mar de demonstraasje wie net sa massaal dat de plysje him soargen makke. Der mochten maksimaal 750 minsken oan meidwaan, mar dy wiene der lang net. It tal minsken wiksele wat, want it wie njonken de Aldehou en it wie ek keapsnein. Mar der wiene sa'n 250 oant 300. Foar it tafersjoch wiene der sa'n tsien minsken fan de plysje en de hanthavening.

Ien fan de sprekkers wie in tsjinstanner fan faksinaasje dy't ferteld hat dat syn soan nei it sikehûs moast nei in faksinaasje. De kearn fan de measte taspraken is dat it net kloppet wat de oerheid de minsken fertelt.

Sprekker Tjerk de Haan wie der wiis mei dat de parse ek bywêzich wie: "De pers moet leren de waarheid te spreken en zelf op onderzoek uit te gaan. Laat onze groep die hier massaal aanwezig is het verhaal doen en zet dat tegenover wat de staat ons elke dag probeert wijs te maken aan fabeltjes, onwaarheden en mishappenings."

Ferslachjouwer Onno Falkena nei ôfrin fan de demonstraasje

Mars troch de stêd

Om in oer as 16.00 hinne wie der in mars, in saneamde 'frijheidstocht,' troch de binnenstêd. De organisaasje moast sels de rûte ôfsette, dêrfoar hiene guon minsken spesjale hesjes oan.

Net eltsenien wie wiis mei de demonstraasje. Sa seit Harm van der Meer fan Noardburgum, dy't tafallich yn Ljouwert wie, oer de demonstraasje: "It liket úteinlik nearne nei. Wy moatte ús oan de regels hâlde en no binne der in pear fan sokke minsken en dy dogge dat net. Dat fyn it ferskriklik. Je sjogge wat der yn Brabân en Seelân bart, dat kin hjir ek barre. Sy hawwe harren ferstân net."

Ferslachjouwer Onno Falkena by it begjin fan it protest

(Advertinsje)
(Advertinsje)