Plysje leit yllegaal feest op de Hegemer Mar stil: sa'n 40 boaten mei 200 lju

25 jul 2020 - 22:15

De plysje hat sneon oan de ein fan de middei in yllegaal feest op de Hegemer Mar stillein. Der wiene goed 40 boaten mei sa'n 200 lju oan board dy't dêr foar anker gien wiene. Op ien fan de boaten soe in optreden wêze fan in band, mar dêr wie net in fergunning foar oanfrege. Yn oerlis mei Veiligheidsregio Fryslân en gemeente Súdwest-Fryslân is der dêrom in ein makke oan it feest.

De Hegemer Mar - Foto: Shutterstock.com (Tom Goossens)

De gearkomste wie yn striid mei de needferoardering dy't op dit stuit jildt. De plysje hat yn petear west mei de organisaasje en de bandlieder om in warskôging te jaan. As sy net ophâlde woene, soe de plysje in boete fan 4.350 euro jaan. Doe hat de organisaasje de boel ôfblaasd.

(advertinsje)
(advertinsje)