Plysje Ljouwert skriuwt 25 proses-ferbalen by ferkearskontrôle Junokade

De plysje fan Ljouwert hat freedtenacht 25 proses-ferbalen opmakke yn de omkriten fan de Junokade. De plysje hie klachten krigen oer lûdsoerlêst en it hâlden en dragen fan guon autobestjoerders dy't dêr byinoar komme. Dêrom hat de plysje yn 'e mande mei de hanthavening en it Team Ferkear in grutte kontrôle opset.
© ANP
De plysje hat sân proses-ferbalen útskreaun foar it meitsjen fan ûnnedich lûd, fiif kear foar it net folgjen fan de goede rydrjochting, fiif kear foar it riden mei mistljocht, trije kear foar it net riden mei in autogurdel om, twa foar it riden mei te glêde bannen en ien foar it riden mei in kenteken dat net oan de easken foldocht.
Fierder waard ien persoan oanholden mei in rydbewiis dat net mear jildich is. Dat is in misdriuw. En as lêst is der ien rydbewiis ynfoardere fanwegen gefaarlik ride. De kontrôle wie tusken 20.00 oere en 2.00 oere jûns. De plysje fan Ljouwert hat witte litten dat soksoarte doelbewuste kontrôles faker dien wurde sille.