Joey Veerman bliuwt oant 2024 by SC Hearrenfean

It kontrakt fan Joey Veerman by SC Hearrenfean is iepenbrutsen en ferlinge oant mids 2024. Der giene de ôfrûne moannen lûden dat de 21-jierrige middenfjilder by Feyenoord yn de belangstelling stie.
Joey Veerman © Orange Pictures
Veerman kaam in jier lyn oer fan FC Volendam en tekene doe in kontrakt oant 2022 mei in opsje op in ekstra seizoen. Hy spile it ôfrûne seizoen 22 duels, hy skoarde 4 kear en hat 5 assists jûn. Troch syn goeie ûntwikkeling waard Veerman ek oproppen foar Jong Oranje mar syn debút hat hy dêr noch net makke fanwegen in blessuere.