Lotte sollisitearret mei 'stoer' filmke by de plysje: "Ik ha myn gesicht sjen litten"

25 jul 2020 - 12:37

De 23-jierrige Lotte Risselada hat in dream: wurkje by de plysje. De ynwenster fan Dokkum skreau al fiif kear in brief, mar krige gjin ien kear reaksje. Dêrom pakt se it diskear oars oan. Lotte hat nammentlik in fideo opnaam wêryn't se har dream kenber makket oan de minister fan Justysje en Feilichheid, Ferd Grapperhaus.

En dy fideo hat in soad ympakt. Ferskate plysje-aginten reagearren al op de fideo fan de sportynstruktrise. "Ik vind dit wel stoer", skriuwt ien fan de aginten bygelyks. En dêr bleau it net by, want yntusken hat ek minister Grapperhaus de fideo besjoen, sa skriuwt hy op Instagram: "Hoi Lotte, ik heb je filmpje gezien. Wat bijzonder! Ik heb ook gezien dat je inmiddels contact hebt met de politie, ik wens je heel veel succes!"

'Lotte niet te stoppe'

Lotte sette har sollisitaasjekampanje op yn gearwurking mei it Ljouwerter bedriuw Xpressy, dat spesjalisearre is yn it meitsjen fan moderne sollisitaasjes. Se makken de kampanje 'Lotte niet te stoppe', dy fierder ek bestiet út in webside en in wiidweidich en modern cv.

Recruiters fan de plysje hawwe yntusken kontakt opnaam mei Lotte. It is no lykwols noch wol wachtsjen op in fakatuere, mar it doel fan Lotte is berikt. "Ik haw no yn elts gefal it gefoel dat ik myn gesicht sjen litten haw", seit Lotte. "Dat wie mei de brieven net sa."

Lotte Risselada - Foto: Henk Jan Broersma

Ferslachjouwer Lars de Leeuw prate mei Lotte Risselada oer har dream

(advertinsje)
(advertinsje)