Eksposysje yn Skylger Bunker Museum foar yn oarloch omkommen eilanners

It is sa ûngefear it slútstik fan de betinking fan 75 jier befrijing op Skylge: in tentoanstelling oer de Skylger seelju dy't yn de Twadde Wrâldoarloch op see omkommen binne. De eksposysje yn it Bunker Museum Terschelling wurdt sneontemiddei iepene.
© Bunker Museum Terschelling
Yn totaal binne der 43 Skylgers omkaam. "Daarvan zijn 36 door het oorlogsgeweld omgekomen", fertelt Jort Spanjer fan it Bunker Museum. De oare sân binne troch sykte of in ûngelok om it libben kaam. "Wij noemen die zeven namen wel, maar we besteden met name aandacht aan die 36."
Yn maaie 1940 wiene der 834 Nederlânske skippen op see. Dêrfan binne der 421 sonken, fertelt Spanjer. "Daar zaten in totaal 178 eilanders of mensen met eilander roots op. Daarvan zijn die 43 niet teruggekeerd." De measten fan harren binne neffens Spanjer op de Atlantyske Oseaan omkaam.

'Gedenkplek'

Op de eksposysje binne foto's fan alle omkommen manlju en harren skippen te sjen. "Het is een soort gedenkplek. We hebben er ook twee zeemijnen liggen en we draaien een kort filmpje. Zo is het voor de toerist ook wat informatiever." Alles is coronaproof makke: yn it besikerssintrum meie mar 12 minsken nei binnen ta. Ek by de rûnliedings meie der mar seis minsken mei.
Famylje en neibesteanden waarden útnûge om by de iepening fan de eksposysje te wêzen. "Wij verwachten ongeveer een 45 mensen voor die opening. Als de weergoden ons goed gezind zijn, kunnen we dat buiten doen. We hopen dat we een bijzondere middag hebben."
Jort Spanjer fan it Bunker Museum