Plysje siket sneon opnij mei sonarboat nei fermiste man op de Iselmar

25 jul 2020 - 11:18

De plysje is sneontemoarn wer fierder gien mei de syktocht nei de man dy't ôfrûne tongersdei oerboard sloech op de Iselmar. Mei spesjalisearre materieel, lykas in sonarboat wurdt der op likernôch 1 kilometer fan Breezanddijk ôf socht.

De kustwacht siket mei in fleantúchje - Foto: CAMJO Media

Freed sochten Rykswettersteat, de kustwacht en de plysje ek al de hiele dei nei de fermiste man, mar sûnder resultaat. De syktocht waard dêrom foarearst stillein.

De man wie mei in groep te silen op de Iselmar, doe't er de gyk tsjin de holle krige en oerboard sloech. Der waard fuortdaalks in grutte sykaksje op tou set, mar nei fjouwer oeren sykjen waard dy sûnder resultaat stillein.

Trefwurden: 
syktocht fermissing Iselmar
(advertinsje)
(advertinsje)