Kollum: "Oebele en Oege"

25 jul 2020 - 08:20

"It is hjoed sneon. As alles gewoan west hie, hiene de frou en ik yn de rin fan de moarn yn de auto stapt. Dat dogge wy de lêste 26 jier altyd op de sneon as de skûtsjes yn Starum sile. In kear as wat wie der te folle wyn, ik wit net krekt hoe faak it yn dy jierren net trochgie, mar dizze sneon stiet altyd yn ús aginda. Dit jier is alles oars, woansdei sei kollega Eelke ek al dat er it smoar yn hat.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Je besykje de tiid dan mar wat nuttich te besteegjen. Dizze wike foel myn each op in karre dy't neist de dyk stie. Der lei wat guod op en der hong in boerd oan mei in 06-nummer. Der stie in picknicktafel op de karre en der lei in lytse fiver op. Dat luts myn oandacht, want ik woe noch graach in fiverke yn de tún ha. Fivers binne folslein út de moade, sei in man by in túnsintrum lêstendeis tsjin my, dus dan fyn ik it aardich om krekt wol ien oan te skaffen.

Ik belle it 06-nûmer en we waarden it iens oer de priis. In dei letter ha ik de fiver yngroeven en we ha wat soerstofplantsjes kocht. En twa fisken. In goudfisk en in sulverkleurige foarnblei. Dat is in 'winde' yn it Nederlânsk. Twa folslein ferskillende kleuren, dan kinne je se maklik útinoar hâlde.

We ha se ek daliks in namme jûn, Oebele en Oege. Oebele is de goudfisk en Oege de foarnblei. Se liken it aardich nei it sin te hawwen, en wienen drok dwaande de fiver te ûntdekken. Nei it iten soe ik noch efkes sjen hoe't it mei de twa nije bewenners gie, mar al wa't ik seach, gjin Oege. Oebele draaide kreas rûntsjes, mar Oege wie nearne te finen. Ek net achter de wetterplanten.

No hienen wy yn Boarnburgum wolris in reager op besite by de fiver, mar dy ha ik hjir yn It Feen noch nea op it hiem hân. It like my sterk dat dy binnen in kertier Oege al op de kerrel hienen. Ik soe de moed opjaan, mar doe seach ik Oege. Hy lei yn de tún. Grif yn syn entûsjasme mei in flinke sprong út de fiver yn it drûge sân bedarre.

Hy wie oan it drûchswimmen. Mar dat hâlde fisken meast net sa lang fol en it like my dat Oege der net goed oan ta wie. Dochs ha ik him mar wer werom smiten. Hy die earst efkes de rêchslach, dat is by fisken faak gjin goed teken. Wat my in bytsje moed joech, wie dat syn bekje iepen en ticht gie, dus earne yn Oege baarnde noch wat libbensljocht. Even letter begûn er op de side te swimmen. Mar doe't er nei de boaiem sakke, wie ik net sa moedich mear. Oege soe it grif net oprêde.

Ik ha in stoel njonken de fiver setten en siet wat domme tweets te lêzen op myn telefoan. Doe kaam Oebele oan it oerflak om wat fiskfoer op te haffeljen. Hy ferdwûn wer en swom flak by de sneue Oege del. Ta myn fernuvering reagearre Oege op Oebele. Geandewei de jûn knapte er wat op en de sydslach feroare yn de natuerlike hâlding fan in fisk yn it wetter.

Oebele swom de hiele tiid by him lâns en ik wit net of dat syn rêding west hat, mar Oege hat himsels blykber foarnaam om noch net dea te gean. De oare moarns wie alle sân fan syn skobbige liif ferdwûn en hy wie suver de âlde wer. No hoopje ik dat fisken ergens wat yntelliginsje ha en dat Oege net wer sa dom is om út it wetter te springen. Ik hâld jim op de hichte."

(advertinsje)
(advertinsje)