Al mear as 4.000 euro ophelle foar boek oer Ljouwerter keunstprojekt

25 jul 2020 - 09:55

In keunstprojekt wêrby't teksten projektearre waarden op gebouwen, ûntstien út in gearwurking tusken Fryske kreativelingen Karina Kroft en Remko Smids, wurdt makke ta boek. Alteast, dat is it plan. Dêr is jild foar nedich en dêrom hawwe Kroft en Smids in crowdfundingsaksje opsetten. Der is yntusken al goed 4.300 euro ophelle.

Foto: Jacob van Essen

Oan it begjin fan de coronakrisis seagen teäterregisseuse Karina Kroft en technysk ûntwerper Remko Smids it grutste part fan harren wurk opdrûgjen. Om dochs aktyf te bliuwen, kamen se mei it idee om mei in beamer teksten te projektearjen op gebouwen.

Santich jûnen lang ferskynde der, krekt nei sinne-ûndergong, op gebouwen earne yn Ljouwert of omkriten in ferbinend, treastend, hoopjaand, oanmoedigjend of grappich sitaat.

'Only in darkness you can see the stars'

Kroft en Smids brûkten teksten yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk en dielden ûnder oare sitaten fan Brigitte Kaandorp, Leo Tolstoj, Charlie Chaplin, Jules Deelder, Marilyn Monroe en Fransciscus van Sales.

Op in flatgebou yn Ljouwert projektearren se de tekst 'Only in darkness you can see the stars', in sitaat fan Martin Luther King Jr. De dei dernei wie der op it gerjochtsgebou yn de haadstêd de tekst 'Hou afstand van elkaar' te lêzen.

Foto: Jacob van Essen

De projeksjes lutsen de oandacht fan fotograaf Jacob van Essen. Hy seach der in filmke fan op Instagram en sprong fuortendaalks op de fyts om de projeksjes fêst te lizzen. Uteinlik hat er fan alle projeksjes foto's makke, dy't dield waarden fia de sosjale media fan Kroft en Smids.

Doe't it projekt ophâlde, betochten Kroft en Smids dat der in boek fan komme moast. Dêr setten se in crowdfundingsaksje foar op. Ta harren eigen fernuvering is yn in wike tiid al goed 4.300 fan de nedige 7.000 euro ophelle.

As it harren slagget om it folsleine bedrach op te heljen, fiert it twatal dat op sneon 12 septimber mei in nije projeksje earne yn Ljouwert. Dêr wurdt dan ek it boek presintearre. Wêr't dat barre sil, is noch net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)