Longdokter Wouter van Geffen: “Wy hoopje op it bêste senario, mar planne foar it slimste”

26 jul 2020 - 14:00

Longdokter Wouter van Geffen fan Ljouwert waard troch tal fan media-optredens yn de coronakrisis suver in Bekende Nederlander. Hy is ferbûn oan de ôfdieling onkology fan it MCL en hâldt him benammen dwaande mei longkankerpasjinten. Snein wie er te gast by it radioprogramma Buro de Vries.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Hy hat syn oplieding yn Grins dien, wurke foar syn promoasje ûnder mear yn it Royal Hospital yn Londen. Foar in ûndersyk nei de 'longoanfal' wûn hy in ynternasjonale priis. Njonken syn wurk as medysk spesjalist, is Van Geffen as ûndersiker ferbûn oan it UMCG. Hy docht dêr wittenskiplik ûndersyk nei de kwaliteit fan libben en de behanneling fan kanker.

Coronavlogs

Van Geffen waard lykwols benammen bekend fanwege syn 'coronavlogs' foar it ferneamde telefyzjeprogramma Frontberichten. Dêryn holden minsken yn tal fan soarchberoppen sels in fideodeiboek by. It joech in ynkringend byld fan wat de coronakrisis yn de praktyk betsjutte en hokker dilemma's de soarchmeiwurkers foar de kiezzen krigen.

Wa is Wouter van Geffen as persoan?

Hoe sjocht hy sels werom op dy hektyske perioade? Wêr rûn er tsjinoan en wat hawwe hy en syn kollega's hjirfan leard, en binne we écht klear foar in twadde weach? Mar ek: hoe wie it om suver in soarte fan BN'er te wurden troch dat programma Frontberichten en oare media-optredens? Fierder omtinken foar Van Geffen as persoan: wêrom keas hy foar Fryslân en it MCL? Wa ha him eins ynspirearre en hokker muzyk heart er graach?

Wouter van Geffen wie sneintemiddei simmergast yn it radioprogramma Buro de Vries. Harkje hjirûnder it folsleine ynterview mei him werom:

Longdokter Wouter van Geffen yn Buro de Vries

(Advertinsje)
(Advertinsje)