Corona Cinema yn Dokkumer Bonifatiuskapel hâldt try-out: "It is fansels enoarm spannend"

Strakke gesichten by de Bonifatiuskapel yn Dokkum dit wykein. Foar it earst sûnt de útbraak fan it coronafirus binne der wer tentoanstellingen. It hiele wykein sit fol mei foarstellingen oer Bonifatius de Musical en films foar bern. De organisaasje hâldt in try-out om te sjen oft se oan alle maatregels foldwaan kinne.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"Dat is fansels best wol spannend", seit organisator Cees van Staalduinen. "Mar as it slagget, komme der ek mear foarstellingen."
De kapel is yntusken folslein coronaproof ynrjochte. De frijwilligers hawwe mûlkapkes op en de bankjes stean op 1,5 meter fan inoar. "Ek moasten we in oare rinrûte meitsje", seit organisator Peter Sauermann. "We hawwe no mar 45 besikers dy't in kaartsje helje en dus binne der hast mear frijwilligers as besikers", laket Peter wylst hy nei foaren rint.
Yn de midden fan de ovale kapel hinget in grut skerm. Dêrop wie freedtejûn de filmreprize fan Bonifatius de Musical te sjen, dêr't ûnder oare Syb van der Ploeg yn spile. Dat teäterstik waard live opfierd yn de kapel yn 2012. Mei in pear freonlike wurden hjit Peter alle minsken wolkom. "Mar ik freegje jimme ek om ôfstân te hâlden", slút er syn wurdsje ôf.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Mei in protte lûd begjint de film. In taskôger sjocht ferskrikt op. "Dit wie lûder as ik tocht", laket Eimert Smits. "Ik fyn it moai dat ik no wer nei de film kin. Dy maatregels meitsje my dan net sa folle. It leafste ha je fansels de hiele kapel fol. Dat is wat nofliker, mar om wer te begjinnen, is dit ek moai."
Ek Van Staalduinen genietet folop. "Dizze try-out befalt ús goed. Dus ik tink dat der wer mear films draaie kinne. It tal besikers foel noch wol in bytsje ôf, mar wy hoopje dat de minsken wol wer komme. It is ek wol efkes wenne, al dy frijwilligers mei mûlkapkes en de rinrûten wêr't je je oan hâlde moatte. Mar as dat went, wurket it foar ús minsken ek wat better."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de try-out fan Corona Cinema