Fysioterapeut sikehûs Nij Smellinghe test posityf op corona

24 jul 2020 - 22:16

In fysioterapeut fan it Drachtster sikehûs Nij Smellinghe is posityf test op corona. Neffens Bert Kleinlugtenbeld, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan it sikehûs, falle de gefolgen foar it sikehûs ta.

Foto: Omrop Fryslân, Darshan Boerema

Nij Smellinghe hat fuortdaliks alle maatregels nommen dy't nedich binne. Ut it kontaktûndersyk docht bliken dat de fysioterapeut nau kontakt hân hat mei fiif pasjinten. Salang't dy gjin klachten hawwe, wurde dy net test, meldt it sikehûs.

Alle oare pasjinten fan de man binne hieltyd op oardel meter ôfstân bleaun en rinne gjin gefaar, sa sei Kleinlugtenbeld. In pear kollega's fan de fysioterapeut bliuwe thús yn karantêne, omdat it fan har net dúdlik is oft der wol altyd oardel meter ôfstân wie.

Neffens Bert Kleinlugtenbeld hat de fysioterapeut presys sa hannele as de regels foarskriuwe. "Hij had een loopneus en is meteen thuisgebleven en getest. Helaas testte hij positief."

(Advertinsje)
(Advertinsje)