Wethâlder Douwstra fan Ljouwert wol mear ryksjild foar ûnderhâld diken en brêgen

24 jul 2020 - 21:36

De ryksoerheid moat in nij fûns yn it libben roppe, om gemeenten te helpen om harren diken en bregen te ûnderhâlden. Dat fynt wethalder Friso Douwstra fan Ljouwert. Hy is it iens mei syn partijgenoat Maxime Verhagen fan Bouwend Nederland. Dy sei freed dat de kwaliteit fan diken en bregen op it stuit hurd weromrint, omdat der te min ûnderhâld dien wurdt.

In ‘shared space’-sône yn Ljouwert oan de Sophialaan - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Douwstra erkent dat it in probleem is, ek yn Ljouwert. Neffens him komt dat, omdat de ryksoerheid gemeenten te min jild jout foar ûnderhâld. Hy fynt dat de ryksoerheid jild liene moat en dat trochjaan moat oan de gemeenten.

As der te min jild yn it ûnderhâld fan de ynfrastruktuer stutsen wurdt, kin dat ek yn syn gemeente en de rest fan Fryslân ta gefaarlike situaasjes liede, tinkt Douwstra. "Op termyn, as je dat ûnferantwurde dogge en der echt te min jild foar ha, dan kin de konsekwinsje wêze dat der parten binne dy't net goed ûnderhâlden wurde en dat it gefaarlik wurdt."

Neffens Douwstra is dat op it stuit noch net oan 'e oarder, al soe er it leafst no al meardere fytspaden yn syn gemeente oanpakke wolle. "Mar dêr komme we net oan ta. Dêr moatte we even in skoftke op wachtsje, foardat we dat jild hawwe."

Wethâlder Friso Douwstra fan de gemeente Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)