Ljouwerter City Train kin ride mei spatskermen, koart pleit ynlutsen

It troch City Train oanspande koart pleit tsjin Veiligheidsregio Fryslân is ynlutsen. It blau-giele toeristetreintsje dat troch de Ljouwerter binnenstêd rydt, woe op folle kapasiteit ride. Dat mocht lykwols net fan de Veiligheidsregio, om't der noch hieltyd in needferoardering jildt.
© Facebook City Train Leeuwarden
Mei de rjochtsaak woene de ûndernimmers de kapasiteit yn it treintsje ferheegje. De plysje hat ôfrûne wike by harren del west en fynt dat de spatskermen goed genôch de fersprieding fan it coronafirus tsjingean. Dêrom is it koart pleit ynlutsen.
Jelle de Visser fan City Train is bliid dat in gong nei de rjochter no fan 'e baan is en hy wer mei passazjiers troch Ljouwert ride mei, ek al kin it fanwege de coronamaatregels net op folle kapasiteit. "En it is ek foar de toerist aardich dat er no wer rydt. It hat ek positive gefolgen foar it toerisme yn de stêd. It is net mei 100 prosint kapasiteit, mar it is goed genôch."
Jelle de Visser fan City Train yn Ljouwert