Syktocht nei fermiste man op Iselmar stopset, sneon fierder mei sykjen

24 jul 2020 - 20:08

De syktocht nei de fermiste man op de Iselmar is foar no stopset. Dat meldt de plysje op Twitter. Der is de hiele dei socht troch Rykswettersteat, de kustwacht en de plysje, mar it slachtoffer is net fûn.

De kustwacht siket mei in fleantúchje - Foto: CAMJO Media

De man wie mei in groep te silen op de Iselmar, doe't er de gyk tsjin de holle krige en oerboard sloech. Der is daliks in grutte sykaksje op tou set, mar nei fjouwer oeren sykjen waard opholden.

Freedtemoarn is wer fierder socht, no ek mei sonarapparatuer, mar oant no ta sûnder resultaat. It doel is om sneon wer troch te gean mei sykjen.

(advertinsje)
(advertinsje)