Amicaal en Treemter yn Grou wer iepen nei skeinen coronaregels

It terras fan Amicaal yn Grou en grutkafee Treemter binne sûnt freedtemiddei wer iepen. Beide hoarekagelegenheden waarden sletten fanwegen it net neilibjen fan de coronaregels op sneon. Gewoanwei hie dy dei yn Grou yn it teken stien fan it skûtsjesilen en ek al gie dat net troch, it wie wol tige drok.
© Google Streetview
Lokoboargemaster fan Ljouwert Hilde Tjeerdema lei letter út dat der sprake wie fan in ekses. De besikers holden gjin ôfstân, der wiene gjin hygiënemaatregels naam en minsken sieten net oan in tafel, wat wol de regel is.
De kafees hawwe net in boete oplein krigen, mar moasten in plan skriuwe oer hoe't sy tenei omgean mei de coronaregels. Pas as dat plan goedkard wie troch de gemeente, koene de kafees wer iepen.
Freedtejûn is der in optreden fan DJ's Deonastic & Hidde Hill yn de Treemter. Mar besikers kinne der net samar hinne, se moatte in plakje reservearje fia WhatsApp.