SC Cambuur begjint kompetysje tsjin NEC, SC Hearrenfean treft Willem II

24 jul 2020 - 18:20

SC Cambuur trapet de kompetysje op freedtejûn 28 augustus thús ôf tsjin NEC en SC Hearrenfean ûntfangt op sneon 12 septimber Willem II. Dat stiet yn it spylskema foar it seizoen 2020/21 dat de KNVB freed bekend makke hat. It wie in hiele toer foar de KNVB om it skema rûn te krijen, omdat der mei de coronakrisis no mei mear saken rekken holden wurde moat as oare jierren.

Foto: Omrop Fryslân

Cambuur spilet meastal op in freedtejûn: 27 kear. Fierder noch twa kear op sneon, trije kear op snein, fjouwer kear op in moandei en ien kear op in tiisdei. Ien wedstriid, út tsjin Roda JC, is noch net ynpland. Dy wurdt 26, 27 of 28 maart spile. De alderlêste wedstriid, op 14 maaie, is in thúswedstriid tsjin NAC út Breda.

SC Hearrenfean

Ek SC Hearrenfean begjint en einiget mei in thúswedstriid. Op 12 septimber begjint foar de Feansters de kompetysje tsjin Willem II út Tilburg en de lêste tsjinstanner is Sparta út Rotterdam. De derbys tsjin FC Groningen binne noch net ynpland.

Yn de earedifyzje binne de wedstriden oant en mei 7 febrewaris bekend. Dêrnei is der wol in skema, mar net op datum. Dat wurdt yn de tredde wike fan desimber bekend makke. De KNVB hat alle klups frege tsjin wa't se letter yn de kompetysje spylje wolle, mei kâns op mear publyk. Neffens de KNVB is dat by hast alle earedifyzjeklups slagge en by de Keuken Kampioen difyzje is dat yn de helte fan de gefallen slagge. De 'topwedstriden' binne dêrom yn 2021 pland.

(advertinsje)
(advertinsje)