Twa moanne selstraf foar stellerij en bedriging: "Een man op leeftijd die ontspoort"

24 jul 2020 - 16:15

In man fan 73 jier út Penjum is freed troch de plysjerjochter feroardiele ta twa moanne sel, foar stellerij en bedriging. De man hie yn jannewaris in auto stellen fan in bedriuw op De Jouwer en bedrige in kurator.

Foto: Shutterstock.com

De man hie dêr al in auto kocht mar kaam letter werom omdat hy ek noch in oare auto besjen woe. Sûnder wat te sizzen wie hy yn de wein fuortriden. In moanne letter bedrige er de kurator fan syn buorman. Hy drige de auto fan de kurator op te blazen as der gjin jild nei syn buorman oermakke wurde soe.

De Penjumer hat psychyske problemen, mar stiet net iepen foar helpferliening. De lêste jierren hat hy in lang strafblêd opboud, mei in soad geweld en bedrigingen. "Ik zie voor me een man op leeftijd die volledig aan het ontsporen is", sa sei de rjochter. De man moat ek in selstraf fan 3 wiken útsitte, dy't earder ûnder betingst oplein wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)