De Karstens út Dokkum krigen corona: "Mijn vrouw heeft mijn leven gered"

24 jul 2020 - 16:15

It pear Karsten út Dokkum waard besmet mei it coronafirus, dat se nei alle gedachten yn maart oprûnen op in Drintske bowlingbaan. Hy hat der trije wiken fan yn koma lein, sy wie heechút wat griperich. It firus sette harren libben op 'e kop.

Jaap Karsten is 64 jier, wennet yn Dokkum en is bernedokter foar Artsen Zonder Grenzen. Op 10 maart waard hy mei syn frou Francisca siik. Hy krige koarts en hold der rekken mei dat er it coronafirus oprûn hie. "We denken dat we het hebben gekregen op een bowlingbaan. Drie van de vijftien hebben het gekregen. Mijn vrouw en broer waren ook ziek."

Leech soerstofgehalte

Dêrnei waard it allinnich mar slimmer. Jaap krige hoastbuien en waard benaud. "Ik vond een zuurstofmeter bij mij thuis." Dêrmei seach er dat it soerstofgehalte yn syn bloed 80% wie. "Waar het 99% hoort te zijn. Ik weet van mijn werk dat 80% echt niet goed is." Karsten oerlei mei de Dokterswacht en krige it advys om jûns nei de 'spoedpoli' te kommen.

Mar it gie middeis al minder mei him. "Toen heb ik weer gemeten: 69%." Hy belle opnij mei de Dokterswacht. "Mijn vrouw heeft op dat moment mijn leven gered. Ze stond erop dat ik gelijk naar het ziekenhuis ging en toen kwam de ambulance. Ik kreeg zuurstof en daarna ging het ineens weer goed."

Nei it sikehûs

Jaap waard nei it sikehûs brocht. It wie 22 maart. "Toen ik daar aankwam, werd ik gelijk geïntubeerd. Ik heb nog een halve minuut geprobeerd te overleggen, maar het werd overgenomen." Syn frou wie dêr net by. Jaap realisearre him net hielendal wat him te wachtsjen stie, fertelt er. "Ik heb nooit gedacht dat ik doodging."

Foar de frou fan Karsten wie dit hiel oars. Sy moast yn karantêne doe't Jaap yn it sikehûs lei. Se wie dus folslein allinnich. "Het was verschrikkelijk, want ik was ook nog ziek en alleen. Maar ik werd steeds beter. Ik zei tegen mezelf: ik moet beter worden. Ik wil niet toegeven dat ik ziek ben. Ik heb positief gedacht." Se krige in soad stipe fan alle kanten: fan de buorlju en fan it sikehûs. "Maar ik was zo uitgeput van alles. Het was heel erg vermoeiend en eng."

Ut de koma

Op 13 april, goed trije wiken letter, wurdt Jaap wer wekker makke. "Ik wist niet hoe ik uit een rietje moest zuigen. Je komt er ontzettend slecht uit." Hy koe net lêze of fokusje. Ek de datum koe er net ûnthâlde. "Ik zag de klok wel, maar ik wist niet hoe laat het was. Je krijgt informatie die klopt en die niet klopt." Dêrneist hie Jaap lêst fan deliren. Sa tocht er dat er yn Dútslân opnaam wie. Dat duorre twa dagen.

It earste kontakt mei syn frou ferrûn fia WhatsApp. "Dat praten ging eerst nog heel slordig. Twee dagen later was het ook weer beter. De eerste keer was prachtig om haar weer in het echt te zien."

Vloeibaar karton, zo smaakte de koffie.

Jaap Karsten, eks-coronapasjint

Op 23 april mocht hy dan lang om let nei hûs. "Iedere keer stelde ik mezelf een klein doel, bijvoorbeeld thuiskomen en koffiedrinken. Vloeibaar karton, zo smaakte de koffie. Ik keek ernaar uit om witte wijn te drinken op het terras, maar dat smaakte nergens naar. Dat is nu terug na vier weken." Nei in wike koe Jaap wer lêze en wiene de deliren ek fuort.

It giet no poerbêst mei Jaap. "Een forse inspanning kan ik niet inhouden, bijvoorbeeld drie trappen oplopen. Tien kilometer kan ik nu." Dat hat er opboud troch te trainen en mei fysioterapy. Hy is lykwols tolve kilo ôffallen. "Dat waren vooral spieren. Mijn benen leken nergens meer op. Nu zie je weer de spieren komen."

Syn longen binne lykwols noch altyd net yn oarder. "Wielrennen en lopen, ik kon het altijd wel, maar nu niet meer." No docht er alle dagen in healoere oefeningen om syn spieren te mobilisearjen. "Je moet flesjes optillen voor je bovenarmen, dan train je je biceps en triceps. Daarna van de stoel opstaan en bijna gaan zitten en dan weer staan." Ek docht er rinoefeningen en kondysjetraining. Dêrfoar hat er fan syn broer in fyts en in roeiapparaat krigen.

Posttraumatyske stress

Mei syn frou gie it earst in stik minder. "Ik wou niks meer over corona horen. Ik kreeg er veel last van de laatste weken, posttraumatische stress." Middenyn alle coronadrokte krige se alle oandacht, mar no't dy fuort is, fielt se har útput. "Je verdedigt jezelf, je overleeft het. Dan ben je sterk met adrenaline en als het rustig is, besef je wat er gebeurd is." No is se benammen wurch en sa no en dan hat se lêst fan panykoanfallen. "Ik liet de paniek toen niet toe, maar nu heb af en toe nachtmerries en de emoties vliegen alle kanten op."

Ik denk niet dat ik opnieuw corona krijg, maar mijn longen zijn niet in orde.

Jaap Karsten, eks-coronapasjint

Jaap sjocht hjir hiel nochter nei. "Ik zie voor anderen het probleem wel. Zelf heb ik alleen maar naar het verbeteren gekeken." Hy realisearret him dat syn frou syn libben rêden hat op dy sneintemiddei. Mar fierder is er net bang. "Ik zou nu niet voor Artsen Zonder Grenzen naar een land in Afrika gaan. Mocht ik weer ergens last van krijgen dan ben ik van daaruit niet zo snel thuis. Ik denk niet dat ik opnieuw corona krijg, maar mijn longen zijn niet in orde."

Nei in oppeppende fakânsje yn Portugal wolle se noch ien kear harren ferhaal fertelle. It giet yntusken in stik better. Fierder fertelt it pear noch dat se it hiel weardefol fûnen om te fernimmen dat buorlju, kunden en ek it soarchpersoniel sa bot har bêst dien hawwe. It makket se tankber foar alle ynset.

Trefwurden: 
Dokkum coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)