GGD: Trije nije besmettings, tal tests nimt gau ta

24 jul 2020 - 12:42

Der binne yn de ôfrûne wike trije ynwenners fan Fryslân posityf test op it coronafirus. It totale tal besmettings yn de provinsje komt dêrmei op 645. It tal minsken dat test is, rûn opnij op, nei 2.252 dizze wike.

GGD: Trije nije besmettings, tal tests nimt gau ta

Troch de drokte kin it barre dat in test fertraging oprint, fertelt Margreet de Graaf fan GGD Fryslân. "It kin foarkomme dat minsken net fuort op in lokaasje terjochte kinne en it slagget net altyd op de koarte termyn omdat der ek meiwurkers ynpland wurde moatte." It tal tests rint gau op, mar der is genôch kapasiteit. De GGD kin elke wike sa'n 9.500 tests ôfnimme.

Mûlkapkes

Der is de lêste tiid in soad argewaasje oer it brûken fan mûlkapkes. "It mûlkapkeprobleem is, je kinne it wol ferplichtsje en dan dogge minsken dat, mar hoe't je dermei omgean, is folle wichtiger. Komst in kear mei de hannen oan dat mûlkapke, dan wurket it al net mear", seit De Graaf.

Boppedat binne de maatregels sa as dy der no binne tarikkend, seit De Graaf. "Der hat krekt in ûndersyk west nei de kombinaasje fan regels sa as wy dy no ha, dy kombinaasje is genôch om it folslein ûnder kontrôle te hâlden. As minsken harren dêr mar oan hâlde."

De testlokaasje fan de GGD Fryslân yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)