Sonarboat siket freed fierder nei oerboard sleine man op Iselmar

24 jul 2020 - 10:09

De plysje is freedtemoarn wer op syk gien nei de man dy't sûnt tongersdeitemiddei fermist wurdt op de Iselmar. By de syktocht sette se ûnder oare in sonarboat yn.

Op ûngefear in kilometer fan de Breezanddijk ôf krige de man de gyk fan syn sylboat tsjin 'e holle, wêrnei't er oerboard sloech en ûnder wetter ferdwûn. De eksakte lokaasje dêr't it slachtoffer yn it wetter rekke, is bekend, mar hy is noch net fûn.

De syktocht, wêrby't skippen, in helikopter en in fleantúch ynsetten waarden, waard tongersdeitejûn om 19.00 oere hinne stillein. Lanlik Team Onderwaterzoekingen siket freed ûnder oare mei sonar fierder nei de man.

(advertinsje)
(advertinsje)