Simmerblog: Simmer yn Damwâld

24 jul 2020 - 18:00

Omrop Fryslân is freed de hiele dei yn Damwâld. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:00
Simmer yn Damwâld
18:00
Ein fan dit simmerblog

Wy slute it simmerblog ôf foar hjoed. Moandei is Simmer yn Fryslân der wer, dan binne wy yn Gytsjerk. Oant dan!

17:36

Soarchûndernimmer Tineke Rauw en har man ha sûnt in pear jier it Thomashûs yn Damwâld. Se wenje yn it hûs, en binne dus de hiele dei troch by de bewenners, dy't in ferstanlike beheining ha. "It idee spruts ús fansels oan, oars hiene wy it net dien," fertelt Rauw. "Ik wurke sels al yn in oar Thomashûs en de mooglikheid wie der. Doe't it rûn wie ha wy ús der folslein ynstoarten." Sawol de bewenners as de meiwurkers ha it nei de sin yn Damwâld.

Ferslachjouwer Willem de Vries yn it Thomashûs

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
16:33
In nóch moaier park

It Dokter Jacob Botkepark moat nóch moaier wurde, fine de Damwâldsters. "Wy soene wol wat mear ferbiningen ha wolle. Wy wolle de fiver wat grutter ha, wat ekstra skulpepaden. En foar it bioferskaat wolle wy wat mear planten en blommen yn it park," seit Jan Jelle Jongsma.

It doarpsbelang krige ferline wike 75 tûzen euro takend fan it Iepen Mienskipsfûns foar it projekt. "Dat is in hiel moai begjin, wy binne drok dwaande om mear subsydzje los te krijen," seit Feije Feenstra.

Ferslachjouwer Willem de Vries yn it Dokter Jacob Botkepark

Jan Jelle Jongsma en Feije Feenstra yn it Dokter Jacob Botkepark - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
15:31
Trettjin kear de Vierdaagse

Troch de coronamaatregels kin de Vierdaagse fan Nijmegen dit jier net trochgean. Spitich, fynt Jeltje Post. "Dit soe myn trettjinde kear wurde. Ik bin der ferslave oan wurden doe't ik it ien kear dien ha." Sels in blokje omrinne sil se net gau dwaan. "Dêr fyn ik neat oan. Om no allinnich fjirtich kilometer op in dei te rinnen, dat soe ik tink ik net helje."

De Beautysalon fan Post hat in skoft ticht moatten troch corona, mar is no wer iepen. "Ik wie oars in ynrinsalon, mar dat mei net mear, dus wy dogge no alles op ôfspraak."

Ferslachjouwer Willem de Vries by Beautysalon Jeltje

Jeltje Post by har Beautysalon - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
14:04
Efkes de grins oer

Krekt oer de grins fan Damwâld, yn Broeksterwâld, hannelet Bert Kooistra yn antike boumaterialen. Dy hannel rint goed, seit Kooistra. "Der is hieltyd mear fraach foar âld guod, mar der soe wol wat mear subsydzje foar komme meie."

Neist syn wurk hat Kooistra in blog, Broek City. Hy skriuwt oer fan alles. "Neam it mar en it stiet der jûn op."

Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei Bert Kooistra

Bert en Durkje Kooistra - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
13:07
Damwâld is wer ien

Mei de komst fan de Sintrale As soe de Haadwei troch Damwâld in stik rêstiger wêze moatte, mar oant no ta falt dat tsjin. "De oansûgjende wurking fan de Sintrale as is noch oan de grutte kant, dêrtroch kin men noch te snel troch Damwâld. Der moatte noch in pear puntsjes op de i kwa feiligens," seit Wyger Smits.

De fernijde Haadwei hat wol in goeie ynfloed op de leefberens yn it doarp hân. "It hat ús al in pear hiele moaie ferbinende dingen brocht. Dat wie ek de ynstek, sadat it doarp wer in doarp wurde kin en net trochsnien yn twaen is, east en west. Sels de doarpsbelangen binne al fusearre," laket Smits.

Ferslachjouwer Willem de Vries by de Haadwei

De Haadwei yn Damwâld - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
11:49
"Se ferklearren my foar gek"

Auke Postma hie de ôfrûne jierren op ferskate plakken in boekwinkel. Sûnt in pear jier hat er yn Damwâld 'De Boekenmolen'. "De measten ferklearren my foar gek, dat je yn Damwâld in boekwinkel begjinne. Je kinne better in geitehannel begjinne, of yn postdowen," laket Postma.

Ferslachjouwer Willem de Vries by De Boekenmolen

Auke Postma yn De Boekenmolen - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
10:54
De Klyster

De Klyster stipet basisskoallen yn Noardeast-Fryslân en Dantumadiel yn de natoer- en duorsumensedukaasje. "Echte praktyk," seit Marjolein Staal. "Dêr is in hiel protte ferlet fan en leararen wolle wol hiel graach dat de bern belutsen wurde by de natoer yn de eigen omjouwing." Neist it leverjen fan edukatyf materieel, organisearret De Klyster ek ekskurzjes en oare aktiviteiten.

Ferslachjouwer Willem de Vries by De Klyster

Marjolein Staal fan De Klyster - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
10:17
De gouden iuw fan de Wâlden

Yn Damwâld stiet museum De Sûkerei, in oantinken oan it libben yn de Wâlden yn it begjin fan de twintichste iuw. De histoarje fan de sûkereiyndustry set útein yn de Frânske tiid. "Doe't Napoleon kaam, hiene wy gjin kofje mear. Dat kaam út Súd-Amearika en dat wie ynienen oer, want Napoleon wie ek yn oarloch mei Ingelân," sa seit Geert van der Veen. "Doe wie der in dominy dy wie derefter kaam dat hy fan de wylde sûkerei woartel kofje meitsje koe." Der kamen sûkereifabriken troch hiel Fryslân, foaral yn de Wâlden. "Se sizze hjir, dy hûndert jier hat de gouden iuw west."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by De Sûkerei

9:55
Gastfrij Damwâld

De Bonifatiustsjerke is ferneamd nei de bekende sindeling dy't ek yn Moarrewâld west is. "It ferhaal wol dat doe't Bonifatius ûnderweis wie nei Dokkum om dy goddeleaze Dokkumers nei it Kristendom te bekearen, dat se hjir troch Moarrewâld giene en doe rûkten se dat hjir in frou oan it bôlebakken wie," fertelt Pieter van der Bij. Bonifatius frege om in bôle mar waard ferteld dat it stiennen wiene. "Doe sei Bonifatius: 'stiennen sille it bliuwe', de frou seach wer yn de oven en de bôlen wiene yn stiennen feroare." Yn de Bonifatiustsjerke sit ien fertikale stien, om de ynwenners oan te trunen gastfrij te wêzen.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by de Bonifatiustsjerke

9:45
Fan trije doarpen nei ien

"Damwâld bestie yn it ferline út trije doarpen," fertelt Pieter van der Bij. "Noardlik wie Ikkerwâld, it midden wie Moarrewâld en Dantumawâld. Op in geven momint binne dy doarpen yn mekoar groeid, doe is it yn 1971 ien doarp wurden." De Krúshoeke wie altyd it plak wêr't minsken gearkamen. "Hjir wie it te rêden."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by De Krúshoeke

Pieter van der Bij - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
9:30
Wolkom yn Damwâld!

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is freed te gast yn Damwâld. Ferslachjouwers Johanna Brinkman en Willem de Vries dogge de hiele dei ferslach.

Tongersdei wie Simmer yn Fryslân yn Wommels. Dat kinne je hjir weromlêze.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)