Omrop TIP: Live Fierljeppen It Heidenskip

Nei twa fierljepwedstriden is de Fryske leiderstrui yn hannen fan Bart Helmholt, dy't nei fjouwer jier syn comeback makket en no noch yn de 2e klasse ljept. Yn It Heidenskip sille de Topklassers yn de 1e klasse der sneon alles oan dwaan om dy trui werom te pakken.
Oane Galama © Martin de Jong

Livestream om 18.30 oere

Der meie foarearst heechút 250 taskôgers by de kompetysjewedstriden oanwêzich wêze. Dochs is de wedstriid foar eltsenien te folgjen:
Omrop Fryslân fersoarget sneon in livestream fan 18.30 oere ôf, fia de webside en de app. Mei kommintaar fan sportferslachjouwer Freark Wijma.