Kollum: "Nuânses"

24 jul 2020 - 08:26

"Nei oanlieding fan de kollum fan ferline wike ha ik in moai petear mei in aardige boer hân. Hy brocht hjir en dêr wat nuânses oan yn de iensidige ideeën en berjochtjouwing omtrint de boeren hjoed-de-dei. Bygelyks oer it raaigers dat soarget foar in ientoanich lânskip en minder greidefûgels. Mar is it wol earlik om dêr de boeren de skuld fan te jaan?

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

It oantal predatoaren lykas de stienmurd, foks en earrebarre is flink tanommen en ús katten dogge dêr net foar ûnder. Mar ek de ljochtyntinsiteit is tanommen yn ús maatskippij en hokker ynfloed hat de strieling fan Wifi en satelliten? Sels de boeren mei fûgeltsjelân sizze dat dêr ek amper fûgels mear binne.

De opkomst fan it raaigers is yn 'e jierren '60 mei de ruilferkaveling en stipe fan de oerheid fasilitearre. De fiedingswearde is heech, it groeit hurd en it is in sterk ras dat net faak ynsiedde hoecht te wurden as it goed ûnderholden wurdt. It wie bedoeld om de itensfoarsjenning feilich te stellen en de wolfeart nei in heger plan te bringen.

Der wurdt gauris sein dat boeren bulten 'subsydzje' krije mar dat binne taslach-/betellingsrjochten út Brussel wei, sadat it iten foar de boargers betelber bliuwt. Mar omdat de molkepriis sa leech is, moatte boeren wol effisjint wurkje. Soene se minder melke en de grûn minder effisjint brûke, dan kinne se sels amper in fatsoenlik stik brea fertsjinje.

Biologysk buorkje is prachtich mar de produkten binne djoerder en noch mar 10% fan 'e befolking makket gebrûk fan it totale oanbod. En as al it raaigers op 'e nij ynsiedde wurde moat om de boargers tefreden te hâlden mei blommen dy't in pear wiken bloeie, dan moatst dy wol beseffe dat wy dêr sels ek in priis foar betelje.

As it giet om duorsumheid, dan krije de boeren ek faak de wyn fan foaren. Mar se produsearje har produkten oerweagjend mei de fergeze eleminten, lykas sinneljocht, soerstof en wetter. De 1,4 miljoen bunder lân fan de agraryske sektor leit de CO2 fêst, fangt reinwetter op en álle griene gewaaksen produsearje soerstof. De boeren fine dan ek dat in protte 'problemen' in politike kar is en dat der mei ferskate maten metten wurdt.

Minsken binne sels ek grutte fersmoargers, sa as bygelyks fan it oerflaktewetter. Oestrogene stoffen en resten fan medisinen kinne der troch suvering mar min úthelle wurde. Eartiids waard it suveringsslib oer lânbougrûn útriden mar no wurdt it ferbaarnd omdat it sa fersmoarge is. Yn 1950 wennen der 10 miljoen minsken yn ús lân, no 17 mar we hawwe noch likefolle kij as yn 1950. En wylst de minsken hieltyd mear medisinen krije, is it medisyngebrûk fan de bisten yn ús lân de ôfrûne jierren flink ôfnommen.

Meidat de befolking grutter wurden is, is der yn 'e ôfrûne 25 jier gemiddeld 12.000 bunder lân yn 't jier opoffere oan de bou fan huzen, diken, kantoaren, ensfh. Dat betsjut fan alles mear én grutter mar fan boeren wurdt betiden lange dat se weromgeane nei in Ot en Sien-tiidrek. Yn in maatskippij dêr't produkten fan bedriuwen as Alibaba net oan te slepen binne en de wolfeart mei de jierren stiicht, is dat eins bêst wol hypokryt te neamen .

Safolle minsken, safolle winsken en wy fine wy nochal wat fan elkoar. Persoanlik fyn ik al dy nijbouwiken mei krematoariumtunen freeslik, dus jou my dan it griene raaigers mar. 'Wêr't it better kin, moat ús sektor it oppakke', sei de boer en gelokkich hat er de moed noch net opjûn. Want in boer wurdst net, dat bist. Mar as dit ras ek útstjert, dan dolle we tagelyk ús eigen grêf."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)
(advertinsje)