Nanne Klompstra bliuwt oan as assistint-coach by Aris

24 jul 2020 - 08:08

Nanne Klompstra is ek kommend seizoen de assistint-coach fan Ferried Naciri by Aris Ljouwert. De gearwurking tusken Klompstra en de Earedifyzjebasketbalklup wurdt mei in jier ferlinge.

Foto: Adrie Hoogesteger

Klompstra wie earder ek al assistint, yn de seizoenen 2015-2016 en 2016-2017. Dêrneist hat hy jierrenlang coach west fan ferskate (jongerein-)teams en is hy in bekend gesicht by Aris.

Der is wol in oantal saken feroare binnen it bestjoer fan Stichting Top Basketbal Friesland. Bestjoersleden Patrick Frimpong (help kommersje/technyske saken) en Niels Jousma (ponghâlder) nimme ôfskied as bestjoerslid. De taken fan Frimpong wurde oernaam troch de besteande bestjoersleden. Sieta Epema is mei yngong fan it seizoen 2020-2021 de nije ponghâlder.

De organisaasje is foarearst noch net op syk nei ferfanging, mar giet fierder as fiifkoppich bestjoer. Se krije dêrby stipe fan frijwilligers.

(advertinsje)
(advertinsje)