Lichem omkommen fleaner Christine Martens werom nei Nederlân

It lichem fan de omkommen Ljouwerter militêr Christine Martens, dy't snein by Aruba sneuvele doe't har legerhelikopter yn see stoarte, komt dit wykein werom nei Nederlân. Dat meldt it ministearje fan Definsje. Ek stoflik omskot fan omkommen kollega Erwin Warnies komt dan werom.
Christine Martens © Christine Martens (Facebook)
Harren stoflik omskotten wurde werom flein yn in KDC-10 transportfleantúch fan de Keninklike Loftmacht. Nei ferwachting komt it tastel sneon om 13.00 oere hinne oan op de fleanbasis fan Eindhoven. De lichems fan fleaner Martens en taktysk koördinator Warnies wurde dan mei in koarte seremoanje oerdroegen oan harren neibesteanden.

Oarsaak noch ûndúdlik

Wêrtroch't de NH90-gefjochtshelikopter fan de twa omkommen militêren yn de Karibyske See stoarte, is noch ûndúdlik. De swarte doaze fan it tastel is burgen. Dy wurdt brûkt by it ûndersyk nei de tadracht fan it ynsidint.
Yn de helikopter sieten útsein de 34-jierrige Martens en de 33-jierrige Warnies noch twa oare militêren, dy't de crash oerlibben.