Dochs noch meardere keatspartijen foar haadklassefroulju: "Hiel bliid mei"

24 jul 2020 - 17:57

It like der oan it begjin fan de wike noch net op, mar de haadklassefroulju kinne yn augustus en septimber dochs hast alle wykeinen keatse. Dêr't der moandei noch mar trije haadklassewedstriden wêze soene, binne der no seis wis. Ek binne der noch trije ferienings dy't in opsje hawwe op in datum. "Dêr binne je natuerlik wol hiel bliid mei", seit regearjend PC-keninginne Ilse Tuinenga.

Oant no ta hawwe de froulju twa partijen keatst. Yn Moarre-Ljussens luts it partoer fan Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia oan 'e langste ein. Opslagger Tuinenga is bliid mei de ynfolle wedstriidaginda. "Der is no einliks dúdlikheid kaam en ik tink dat de KNKB dat goed oplost hat foar de keatsers, dat is moai."

Se siet wol yn oer it keatsseizoen en dat der oan it begjin fan de wike noch mar trije wedstriden pland stiene. "Ik hie wol tocht dat we fan no ôf in wike keatsen en dan in wykein rêst hawwe soene, mar dus net. We meie noch efkes."

Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Margriet Bakker (flnr) - Foto: Omrop Fryslân

Dochs is de fjouwerfâldich PC-winneres wol kritysk op sawol it keatsbûn KNKB as guon ferienings. "Bygelyks Bitgum kin wol in manljushaadklassewedstriid dwaan, mar net mei ús der by. Ik tink: as Moarre-Ljussens dat kin, kinne oare ferienings it ek. Dat stekt wol in bytsje, ja."

Oproppen

Yn Sint-Anne, dêr't de twadde frouljuspartij fan dit seizoen organisearre waard, giene de krânsen nei Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Ek yn dat partoer is der blydskip oer de ekstra wedstriden. Ofrûne wykein diene Sijbrandij en Scheepstra yn beide Fryske kranten oproppen om ferienings yn aksje komme te litten: "It is natuerlik superposityf. Blykber is ús boadskip oerkaam."

Boppedat hat de lieding fan it partoer fan Sijbrandij dizze wike kontakt socht mei de ferienings. "Us manager hat klups benadere om te freegjen wêr't se tsjinoan rûnen. Neffens my binne se dêrtroch yn petear kaam en hawwe se de knoop trochhakt it wol te organisearjen. Ek klups dy't normaal gjin wedstriid hawwe. We hoopje dat se folgjend jier dy partijen ek krije, as beleanning dat se it no dogge."

Marrit Zeinstra, Manon Scheepstra en Nienke Sijbrandij (flnr) - Foto: Omrop Fryslân

In reportaazje mei Ilse Tuinenga en Nienke Sijbrandij

Frouljus PC

Dizze wike is ek definityf dúdlik wurden dat, yn tsjinstelling ta de manlju, de froulju wol in PC keatse. Dy sil plakfine op snein 27 septimber yn Weidum. Sijbrandij: "We binne ek superbliid dat de frouljus PC trochgiet. No hawwe we in hiele moaie tarieding troch de oare wedstriden, dus dat is echt top."

Tuinenga is der minder bliid mei. Trochdat de PC pas ein septimber is, kin har achterynse Sjanet Wijnia mooglik net meidwaan. Se follyballet yn it earste by VC Snits en dêr binne se dan al begûn mei de tarieding. "Grutte kâns dat se net meidwaan kin, dus we sitte mei de hannen yn it hier en we witte net hoe't it moat. We probearje in oplossing te finen, mar hoe en wat is noch net dúdlik foar ús."

De earstfolgjende wedstriid is op snein 9 augustus yn Burchwert. In wike earder, op 2 augustus, woe de keatsferiening fan Jorwert wol in partij foar de froulju organisearje, mar dat is in frij wykein yn it skema fan it keatsbûn. Dêrtroch binne der keatsers dan op fakânsje en hoecht Jorwert gjin partij te organisearjen.

De keatsaginda foar de froulju

Datum Plak
9 augustus Burchwert
16 augustus (opsje) Noch net bekend
22 augustus Berltsum
23 augustus Wjelsryp
30 augustus (opsje) Huzum
6 septimber Wergea
12 septimber Marsum
19 of 20 septimber Ljouwert
27 septimber Weidum (Frouljus PC)
(advertinsje)
(advertinsje)