Jongelju soargje foar oerlêst yn Abbingapark yn Ljouwert

23 jul 2020 - 23:26

Yn it Abbingapark yn Ljouwert is tongersdei in jonge fan 14 jier bekeurd omdat er in grut mes by him hie. De jonge hearde by in groep jongelju dy't oerlêst feroarsaken. De plysje krijt de lêste tiid regelmjittich meldingen oer jongelju yn it park. Der is dêrom no ekstra tafersjoch.

Foto: ANP

De âlden fan de jonge mei it mes sille troch de plysje ynljochte wurde oer it gedrach fan harren soan. De kontrôles op de plakken dêr't faak melding dien wurdt fan oerlêst gean troch, sa lit de plysje witte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)