Dielscooters Go Sharing efterlitten yn it wetter en op 'e dyk

Noch mar in wike stean de griene scooters fan Go Sharing yn de binnenstêd fan Ljouwert, mar no al dûke der ferskate foto's op fan de dielscooters yn it wetter en midden op it fytspaad. En it is fansels net de bedoeling dat se dêr efterlitten wurde.
Scooters Go Sharing yn it wetter en op 'e dyk
Sûnt foarige wike stean der 120 scooters yn Ljouwert. It systeem is maklik te brûken. Minsken kinne mei in app op harren telefoan de scooters hiere en kinne dizze nei de reis op in plak yn de stêd delsette. It wurket op himsels goed, mar der wurdt ek misbrûk fan makke. Op Facebook ferskine ferskate foto's fan scooters yn it wetter en midden op de fytspaden.
© Omrop Fryslân
It liket slimmer as dat it is, seit servicemonteur fan Go Sharing David Heidbuurt. "It is natuerlik net leuk. Mar om hiel earlik te wêzen, ha wy oant no ta net in soad skea hân. Dit binne echt twa útsûnderlike gefallen." Minsken dy't de scooters net goed te plak sette, krije fan Go Sharing in melding. "Dan kinne se him de oare kear wat oars delsette, sadat it foar oaren miskien minder oantreklik wurdt om de scooters om te goaien", seit Heidbuurt.
© Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Jantine Stoffers gie op 'en paad om te sjen hoe't de scooters der no by lizze
Yn stêden as Eindhoven en Rotterdam giet it der folle mâler oan ta. Yn Eindhoven is no in oantal wiken dêr't de minsken de scooters net delsette kinne, om't dêr te folle fandalisme is.
Neffens Heidbuurt binne dizze maatregels yn Ljouwert gelokkich noch net nedich. "Dêr geane wy noch net fanút. Eindhoven is fansels in ferhaal apart, mar ek dêr ha wy wat oan dien en it giet no hartstikke goed."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers