Demonstraasje tsjin coronamaatregels oankundige yn Ljouwert

23 jul 2020 - 21:49

Yn Ljouwert wurdt snein in demonstraasje hâlden tsjin de coronamaatregels. Neffens de organisatoaren makket in grutte groep boargers him soargen oer de takomst fan Nederlân troch de gefolgen fan de lockdowns, de oardelmeterregel en de corona-spoedwet.

In protest yn Amsterdam tsjin de coronamaatregels - Foto: ANP

De demonstraasje soe nedich wêze, omdat de tydlike needmaatregels no gjin wittenskiplike basis mear hawwe en ek gjin effekt ha, sa stiet te lêzen yn de oankundiging fan de demonstraasje.

Neffens de organisatoaren ha de maatregels fatale gefolgen foar it wolwêzen, de sûnens, de ekonomy en de demokrasy. Se wolle werom nei it normale libben, mei frijheid om te kiezen en sûnder eangst foar it coronafirus. In eventueel faksin soe neffens harren neat útmeitsje.

It protest begjint sneintemiddei by de Aldehou en dêrnei folget in mars troch de binnenstêd fan Ljouwert.

Martin Mourik fan de organisaasje oer de demonstraasje yn Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)