Jonge brommerrider krijt twa bekeuringen en is brommer kwyt

In brommerrider fan 18 jier út in doarpke by Ljouwert is yn de nacht fan woansdei op tongersdei syn bromfyts kwytrekke. Hy waard yn Goutum kontrolearre troch de plysje. Dy betrape him foar de sechsde kear op it riden op in brommer sûnder rydbewiis.
© Plysje
Omdat er by in eardere kontrôle in wapen by him hie, kontrolearre de plysje him dêr ek op. Dit kear hie er in flintermes by him. Dat is in ferbean wapen en de plysje hat it yn beslach nommen.
Foar it wapen en it riden sûnder rydbewiis krige de jonge in bekeuring en de plysje naam de brommer yn beslach.