Harkemase Boys yn beker tsjin Hercules, VV Bûtenpost treft DWOW

De twa Fryske klups dy't oan de earste kwalifikaasjeronde foar de TOTO KNVB beker meidogge, hawwe reedlik geunstich lotte. Harkemase Boys spilet thús tsjin Hercules út Utrecht. Beide teams komme út yn de tredde difyzje, mar Hercules spilet op snein en it team fan De Harkema op sneon.
© Orange Pictures
Haadklasser VV Bûtenpost moat nei Wieringerwerf om it op te nimmen tsjin DWOW. Dat is de leechst spyljende klup dy't meidocht oan de bekerkompetysje. DWOW komt op snein út yn de tredde klasse. Bûtenpost is in sneonshaadklasser.
De wedstriden wurde spile op sneon 29 augustus.