Mildaam is klear mei deimen en easket yngreep fan provinsje

23 jul 2020 - 20:09

Ynwenners fan Mildaam wolle dat de provinsje de oerlêst fan hûnderten deimen (damherten) oanpakt yn de regio. Pleatslik Belang freget sawol Provinsjale as Deputearre Steaten om aksje te ûndernimmen. Yn in brief skriuwt doarpsbelang dat de bisten 'efter gaas hearre yn in hartepark dêr't se jierren lyn út ûntsnapt binne'.

Mildaam is klear mei deimen en easket yngreep fan provinsje

Sa'n jier lyn skatte de provinsje dat der sa'n twahûndert deimen yn de omkriten fan Mildaam binne. Pleatslik Belang tinkt dat dit wolris it dûbele wêze kin. Tusken 2017 en 2019 ha der op de provinsjale dyk by Mildaam sa'n fjirtich oanridingen mei deimen west.

It gebiet dêr't se sjoen binne, wreidet him ek út rjochting Jobbegea, skriuwt Pleatslik Belang. It wiist op de skealike gefolgen fan de bisten. Se ferdriuwe de reeën, en bosk en túnperkjes wurde fernield.

Ferslachjouwer Jantine Stoffers gie mei foarsitter Wiebe Nijlunsing fan Pleatslik Belang nei de deimen

De provinsje Fryslân makke ferline jier yn septimber al bekend dat de provinsje stribbet nei it beheinen fan it tal deimen yn Fryslân. De provinsje wol dat lykwols dwaan oan de hân fan in behearplan, dat earst skreaun en fêststeld wurde moat. Yn tuskentiid is der yn it fjild noch net yngrepen.

CDA-Steatelid Attje Meekma fan it CDA fynt dat ien en oar te lang duorret. "It sil wol delkomme op ôfskot. Dêr is op himsels neat mis mei. In goed en effektyf behear is nedich." It CDA sil nei oanlieding fan it brief fan Pleatslik Belang Mildaam by it kolleezje fan Deputearre Steaten oantrune op aksje. "We moatte foarkomme dat it mei de damherten krekt sa út de hân rint as mei de guozzen. As je wachtsje wurdt it probleem allinnich mar grutter."

CDA-Steatelid Attje Meekma oer de problemen mei de damherten

(Advertinsje)
(Advertinsje)