Fryslân rint fol: toeristyske sektor hat lang om let wer drokte

Fryslân is fol mei toeristen. Dêr't in pear moannen lyn toeristyske bedriuwen noch mei de hannen yn it hier sieten, hawwe se it no drokker as yn oare jierren. Dochs bliuwt de eangst foar corona: in twadde weach soe funest wêze.
Drokte Fryske Toerisme
By Rufus aan het Water yn Broek is it 'alle hens aan dek'. De minycamping en ferskate akkommodaasjes sitte fol, it is alle dagen drok by de boateferhier en ek de wei nei it restaurant is wer fûn. Eigener Wim Driessen is bliid: "Tot eind augustus zijn we helemaal vol. Hier en daar is nog een gaatje, maar over het algemeen moeten we nee verkopen. Want de aanvragen blijven binnen stromen!"
Dochs is noch net alle skea fan de ôfrûne moannen fuortwurke. "Tot nu toe draaien we zo'n 25 procent minder. We zullen niet de omzet draaien van andere zomers, maar over het algemeen ben ik tevreden. Het is druk, het is lekker weer en iedereen heeft het naar zijn zin."
Minsken dy't noch mei de boat fuort wolle, kinne yn elk gefal net mear terjochte by ferhierder Wetterwille yn Terherne. Trije moannen lyn lei de haven noch fol, mar no binne alle 26 krusers foar de hiele simmer al reservearre.
"De telefoon staat nog steeds roodgloeiend. Het maakt ze niet uit welke boot of in welke week er nog een boot beschikbaar is. Maar het antwoord is meestal gewoon negatief. Er zijn al mensen op de steiger wezen kijken of we écht geen boten meer hadden. Dat was ook wel bijzonder om te zien", fertelt eigener Alexander van Walsum.

Mear romte

En ek camping Pasveer yn Skearnegoutum stiet sa goed as fol. Al binne der wol wat lege plakken, mar dat is mei opsetsin. Louise Hoekstra, eigener fan de camping: "We hawwe der wat plakken tuskenút helle om alle oare plakken wat mear romte te jaan. Der komme no ek mear famyljes mei bern, dy't oars nei Frankryk of Spanje soene, en dy hawwe ek wat mear romte nedich. En it is net ferstandich om minsken yn dizze tiid boppe op elkoar te setten."
Wol bliuwe de ûndernimmers allegear benaud foar in twadde coronaweach. No't de coronagefallen stadichoan wer tanimme, kinne der ynkoarten wer mear maatregels naam wurde troch de oerheid. De hoop is dat dat net earder bart as yn septimber, sadat der noch wol profitearre wurde kin fan it hiele simmerseizoen.
Harkje nei de reportaazje fan ferslachjouwer Jeroen Boersma