FIDEO: "It silen by it skûtsjesilen, dat sjochst op 'e wrâld net better"

23 jul 2020 - 18:00

Twa Klazen oan tafel by Simone Scheffer tongersdeitejûn yn It Skûtsjesjoernaal. De iene, Klaas van der Meulen, is de nije skipper fan Wâldsein. De oare, Klaas Jansma, hat eins gjin yntroduksje nedich. Jierrenlang die hy op alle mooglike manieren ferslach fan it skûtsjesilen foar Omrop Fryslân.

Yn de útstjoering fierder in reportaazje oer de pake fan Klaas, ek in Klaas van der Meulen, dy't yn 1973 in hertoanfal krige oan it helmhout. De oade komt fan Snitser stedsdichter Henk van der Veer.

Sjoch hjir de útstjoering fan It Skûtsjesjoernaal werom:

(advertinsje)
(advertinsje)