UPDATE: Sykaksje op Iselmar nei oerboard sleine siler staakt

23 jul 2020 - 19:01

De Kustwacht hat de sykaksje nei de fermiste man op de Iselmar beëinige. Nei fjouwer oeren sykjen is it net slagge de man te finen. De man sloech oerboard, nei't hy in gyk tsjin 'e holle krige. De Kustwacht hat de sykaksje oerdroegen oan de plysje.

De kustwacht siket mei in fleantúchje - Foto: CAMJO Media

It slachtoffer wie mei meardere minsken op in syljacht oan it farren op de Iselmar. Op ûngefear in kilometer fan Breezanddijk ôf krige de man neffens wurdfierder Jan Hansen fan de Kustwacht in gyk tsjin 'e holle en is er dêrnei oerboard slein en sonken. De eksakte lokaasje dêr't it slachtoffer yn it wetter rekke, is bekend, mar hy is noch net fûn.

"We zijn met acht reddingboten van de KNRM aan het zoeken, met een heli en met het kustwachtvliegtuig. En daar zijn we allemaal zoekpatronen mee aan het afleggen. Tot nu toe nog zonder resultaat", sei Hansen earder op de middei. De sykaksje begûn om 14.16 oere en waard nei goed fjouwer oeren sykjen staakt.

Der wurdt rekken hâlden mei it slimste senario, sei Hansen.

Wurdfierder Jan Hansen fan de Kustwacht

(Advertinsje)
(Advertinsje)