Medysk laboratoarium Certe makket maklikere flibetest foar coronafirus

23 jul 2020 - 16:59

Medysk laboratoarium Certe ferwachtet op koarte termyn flibetesten oanbiede te kinnen om te sjen oft immen besmet is mei it coronafirus. Dy test sil foarearst brûkt wurde foar bern en âlderein. Certe hat ferskate lokaasjes yn Fryslân foar medyske ûndersiken.

It haadkantoar fan Certe yn Grins - Foto: Google Maps

Foar bern en âlderein kin de hjoeddeiske testmetoade, wêrby't in wattestokje troch de noas en de kiel helle wurdt, te belêstend wêze. Medysk mikrobiologe Anne-Marie van Elsacker tinkt dat sa'n flibetest it testen op corona folle tagonkliker meitsje sil. No litte guon minsken harren net teste, omdat se tsjin sa'n test mei in wattestokje oansjogge.

Foardat Certe los gean kin mei de flibetest, moat it earst eksamen ôflizze by it RIVM. As dy de metoade goedkart, kin de flibetest fan takom wike ôf oanbean wurde.

Anne-Marie van Elsacker fan Izore oer de nije tests

(Advertinsje)
(Advertinsje)