Plysje fisket masinegewear op út Frjentsjerter grêft

23 jul 2020 - 15:39

De plysje hat tongersdeitemoarn in masinegewear út it wetter fan de Kromme Gracht yn Frjentsjer fiske. It giet nei alle gedachten om in wapen út de Twadde Wrâldoarloch.

Foto: Twitter, @PolitieLTOZ

De plysje waard op it spoar set troch jongeren dy't yn de grêft oan it magneetfiskjen wiene. Sy hiene it wapen ek al opfiske, mar it foel wer yn it wetter. Ut in foto fan de plysje is op te meitsjen dat it masinegewear flink ferrustke is.

Neffens de plysje giet it nei alle gedachten om in Brengun. Dit type wapen waard yn ferskate foarmen makke tusken 1930 en 1992. Benammen it Britske leger brûkte it gewear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)