Histoarysk Sintrum Ljouwert krijt bysûnder tûkje fan frijheidsbeam út 1795

It Histoarysk Sintrum Ljouwert hat in bysûnder takje yn brûklien krigen fan de famylje Beekhuis út Den Haag. It komt fan de frijheidsbeam dy't yn 1795 foar it stasjon pleatst waard doe't de patriotten hjir oan de macht kamen. Dit tûkje is no te sjen op in nije eksposysje: Ferhalen fan Ljouwert.
It tûkje © Historisch Centrum Leeuwarden
"De beam hat der jierren stean, hoe lang presys witte we net", seit Klaas Zandberg fan it HCL. "Yn in hiel soad stêden waard sa'n frijheidsbeam delset, meast foar it stedhûs, in hiel soad 'burgers en burgeressen' dûnsen dan de Carmajole rûnom dy beam. Ik ha noch even op YouTube sjoen oft der in byld fan wie: ja, in Frânske film. It is in wyld dûnske."

Famylje Beekhuis

It HCL mei it tûkje foar fiif jier liene fan de famylje Beekhuis. Dy famylje hat it yn hannen krigen fia in oer-oerpake. "De famylje is der hiel grutsk op. Iene Klaas Cornelis Feddes, hat it tûkje feilich steld, om 1810 hinne. Dat is altyd yn de famylje bleaun. Yn 1877 is it sels tentoansteld by de grutte tentoanstelling fan Fryslâns ferline, wêr't it Fries Museum út fuortkaam is", seit Zandberg.
Wat der úteinlik mei de beam bard is, is net bekend. "Ik tink dat oan it ein fan it Frânske gesach stilswijend ferdwûn is, mar dat fereasket noch wol wat fierder ûndersyk. Yn Grins witte we it wol. Dêr is de frijheidsbeam troch 'onverlaten' yn de grêft dondere. Dat tûkje is der ek noch wol, mar dat is hielendal ferrotte. Dus it tûkje dat wy hjir ha is in stik kreazer", sa seit Zandberg.
Klaas Zandberg fan it HCL oer it tûkje