Harns ferwolkommet earste cruiseskip fan it seizoen

Harns makket him op foar de komst fan it earste cruiseskip fan dit seizoen. De havenstêd hat oant no ta noch gjin grutte fakânsjeskippen op besite krigen troch de coronakrisis, mar kommende sneon leit de MS Excellent Countess oan, mei 178 gasten. De minsken krije in stedskuier oanbean, en in besite oan it Planetarium yn Frjentsjer.
It cruiseskip © Johan Balt
De stêd krijt op dit stuit in soad fragen fan rederijen, oft de haven iepen is foar cruiseskippen. Neffens de gemeente binne de skippen wolkom, mits se harren oan it corona-protokol fan it RIVM hâlde.