"Us heit hat de moaiste dea krigen dy't der is"

23 jul 2020 - 12:00

Hy wie yn 1945 de earste kampioen yn de nije SKS. Ek yn 1947, 1951 en 1954 wie Klaas van der Meulen de bêste. Hy stiet op it fjirde plak fan it saneamde Vleugelklassemint, efter Douwe Jzn. Visser, Lodewijk Meeter sr. en de legindaryske rekôrkampioen Ulbe Zwaga. Yn 1973, midden yn de wedstriid op Starum, ferstjert Van der Meulen wannear't hy in hertoanfal krijt oan it helmhout. Hy is dan 65 jier âld.

Soan Teake van der Meulen wit it noch goed. It waaide hurd dy dei op Starum. "Der stie in dikke bries. Us heit sei noch, hy leit prachtich op it roer. Ik kin alles mei it skûtsje hjoed. En twa tellen letter wie hy fuort." Ek soan Ype wit noch hoe't it barde. "De fraach wie oft der wol of net syld wurde koe. Ik hie it idee dat ús heit de hoop hie dat it net trochgean koe, wylst wy in skûtsje hiene dat de omstannichheden altyd wol ha koe. Mar ús heit hie it oan it hert, al jierren."

'De W fan Willemke'

Op dat momint docht Van der Meulen op syn eigen skûtsje mei foar Wâldsein. Dat is it plak dêr't foar syld wurdt. Dochs hat de grutte W yn it seil in oare betsjutting. "De minsken tinke dat it de W fan Wâldsein of fan Wymbritseradiel is. Ik lit dat mar sa, mar it is de W fan Willemke, myn frou", sa seit hy dêroer. Nei syn dea komme syn trije soannen oan it helmhout, elk foar in perioade fan 13 jier.

'Heit hie dit it leafst hân'

Werom nei dy fatale dei yn 1973. Ype sjocht hoe't syn broer Teake efter harren heit yn it wetter springt. Hy wurdt troch in oar boatsje nei syn heit brocht. Hy bliuwt derby, wylst se him nei de kant ta bringe. It mei spitigernôch net mear helpe. De lytse droktemakker Klaas van der Meulen, sa't Ype him typearret, lit it libben. Teake, dy't noch altyd emosjoneel wurdt as hy deroan werom tinkt, ferjit it nea wer, sa seit hy. "Ast it ús heit frege hiest, dan hie hy dit it leafst hân. Foar ús wie it fansels slim, mar ús heit hat de moaiste dea krigen dy't der is."

Yn de fjirde útstjoering fan It Skûtsjesjoernaal binne jûn Klaas van der Meulen, de nije skipper fan Wâldsein, en Klaas Jansma te gast yn it skûtsjemuseum yn Earnewâld. It Skûtsjesjoernaal is tusken 20 july en 31 july alle dagen te sjen by Omrop Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)