Winst FrieslandCampina troch coronafirus stik leger as ferline jier

De winst fan suvelkonsern FrieslandCampina is yn it earste heal jier fan 2020 in stik leger útfallen as yn deselde perioade ferline jier. Der is sa'n 37 prosint minder fertsjinne, sa stiet yn de sifers dy't dizze tongersdei bekend makke binne. De winst komt no út op 108 miljoen euro. Dit komt benammen troch it coronafirus. De konsumint hat dan wol mear molkeprodukten kocht, mar oare grutte Europeeske ôfnimmers fan tsiis, bûter en molkepoeier litte it bygelyks ôfwitte. Dat komt mei troch de eardere slutingen fan de hoareka.
Friesland Campina © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Melkfeehâlders hawwe hjirtroch ek 3,5 prosint minder krigen foar harren molke. Bestjoerders fan FrieslandCampina ha sein dat it tal kij yn de kommende tsien jier mei sa'n tsien prosint ôfnimme sil en it tal melkfeehâlders werom giet fan 15.000 nei 10.000.
De molkeproduksje bliuwt wol op peil, sa is de ferwachting. Dizze skaalfergrutting is al langer dwaande, mar it tempo giet wol omheech, sa stiet yn in ûndersyk fan Wageningen Universiteit yn gearwurking mei it suvelkonsern dat noch publisearre wurde moat.
Om de gefolgen fan in wrâldwide resesje en in hiel stadich werstel op te fangen, wol FrieslandCampina mear produsearje tsjin legere kosten. Earder is al bekend wurden dat der in tsiisfabryk yn Noard-Brabân sletten wurdt. Dit soarte fan yngrepen kostje op 'e koarte termyn wol jild en dat sil syn ynfloed hawwe op hoe winstjaand it konsern bliuwt dit jier.
Ferslachjouwer Remco de Vries oer de sifers fan FrieslandCampina