Simmerblog: Simmer yn Wommels

23 jul 2020 - 18:01
18:00
Simmer yn Wommels
18:00
Ein fan dit simmerblog

Wy slute it simmerblog ôf foar hjoed. Freed is Simmer yn Fryslân der wer. Dan binne wy yn Damwâld. Oant moarn!

17:20
Reservedatum Freulepartij yn septimber, opjaan kin noch

Yn Wommels bestiet noch in bytsje hope dat de Freulekeatspartij dit jier dochs noch trochgean kin. Der is in reservedatum op 19 septimber. De organisearjende stichting ûndersiket oft dêr genôch animo foar is. Dat wol sizze: genôch dielnimmende patoeren. Jonges fan 14 oant 16 jier dy't goed keatse kinne, kinne harren opjaan oant 7 augustus. De dielnimmers fan it winnende partoer krije in gouden horloazje.

Ferslachjouwer Willem de Vries praat ôfslutend mei twa minsken út de keatserij fan Wommels: Liesbeth van de Ende fan de stichting dy't de Freule orgnaisearret en Douwe Kooistra fan de keatsferiening Wommels. Sûnt in pear jier is de organisaasje fan de Freule ûnderbrocht yn in aparte stichting en dat foldocht folle better. Oars wie de druk op de keatsferiening folle grutter, neffens Douwe Kooistra.

Douwe Kooistra fan de keatsferiening Wommels en Liesbeth van de Ende fan de Freulestichting

Liesbeth van de Ende (Freulestichting) en Douwe Kooistra (keatsferiening Wommels) - Foto: Omrop Fryslân. Willem de Vries
16:20
Euphonia bestiet 100 jier: oant no ta inkeld nijjierskonsert

Muzykferiening Euphonia yn Wommels bestiet 100 jier en dat komt net goed út yn coronatiid. It begûn sa moai mei in nijjierskonsert. Dêrnei bleau it stil. Wol hâlden se tariedings foar in reüny, in konsert foar 75 jier befrijing en in jubileumkonsert. Nei 1 july kamen de repetysjes stadichoan wer op gong. Oare wike is de repetysje foar de iepenlofttsjerketsjinst foar de Freule. Al giet de Freulekeatspartij net troch, de tsjerketsjinst giet wol troch en Euphonia soarget foar de begelieding.

In oar punt fan soarch is it ûnderkommen yn it eardere Bogermanskoalgebou. Se oefenje dêr, mar benammen fanwege de opslach fan it guod rinne de kosten sa heech op dat it dreech wurdt dy te beteljen, ek omdat it ledetal ôfnimt.

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Jan Bootsma oer Euphonia

Jan Bootsma, Euphonia Wommels - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
15:10
Gjin bestel-apps en QR-koades, It Reade Hynder docht it noch mei briefkes

Adriana Metzlar makket hiel wat kilometers yn har kafee It Reade Hynder yn Wommels. Fanwege de fakânsjes is it drok mei toeristen. Yn it ferline wiene yn it kafee ferneamde konserten fan Reboelje, mar dy tiden binne foarby. "Muzyk rint hjir net mear sa goed", seit Andriana. "Wy hawwe it wol besocht mei keltyske muzyk,mar dat sloech net oan". No lizze se harren ta op lunch en kofje oersdeis en jûns waarm iten. Dat lêste moat tsjintwurdich yn dizze coronatiden wol mei in reservearring.

Nijmoadrige dingen lykas bestel-apps en QR-koades dogge se yn It Reade Hynder net oan. Alles giet noch mei briefkes. Allinnich de reservearringen binne digitaal, seit Adriana. En foar wa't live-muzyk meimeitsje wol, dy moat mar nei kafee Bergsma yn Easterein ta gean.

Adriana yn It Reade Hynder

Adriana Metzlar fan kafee It Reade Hynder Wommels - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
13:40
Nel út Rotterdam: "Ik snap niks van dat kaatsen"

Nel en John út Rotterdam stean mei de camper op it camperplak by de jachthaven yn Wommels. Dat foldocht harren skoan. "Relaxed, aardige mensen, we blijven hier nog wel even", seit Nel. Se fytse in soad en wat dat oanbelanget is Wommels ideaal, fynt John, want Boalsert, Snits en Frjentsjer is allegearre te befytsen.

Twa jier ferlyn wiene se hjir ek mei de Freulepartij. Nel snapt neat fan it keatsen, jout se ta. "Staan ze te gooien met een balletje. Maar een hoop Friezen snappen het ook niet."

Nel en John út Rotterdam stean al in pear wiken mei de camper yn Wommels

Nel út Rotterdam op it camperplak oan de jachthaven yn Wommels - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
12:40
Hoe giet it mei it gebou fan it eardere Bogerman College?

Yn july 2018 is de skoallokaasje fan it Bogerman College yn Wommels tichtgien. Der wiene noch mar hûndert learlingen en it waarden hieltyd minder. It doarp wol hiel graach wenningbou foar de eigen jongerein en sa ûntstie der in spesjale projektgroep.

Yn it leechsteande skoalgebou komme no betelbere wenningen foar de jongerein yn it doarp. It plan 'Bogerman 2.0' hat yn maaie in tariedingskredyt krige fan de gemeenteried, en dus kinne de plannen fierder útwurke wurde. Max Kooijmans fan de projektgroep oer de lêste stân fan saken.

Max Kooijmans

Max Kooijmans foar it eardere gebou fan it Bogerman yn Wommels - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
12:10
Slachter anneks behearder camperplak/jachthaven sit net om wurk ferlegen

Slachter Murk Okkema is in drok beset man. Hy mei dan hast wol 68 jier wurde, mar hy is tagelyk ek behearder fan it camperplak en de jachthaven. Dat wurk docht er jûns. It is dizze dagen smoardrok, benammen op it camperplak. "Se komme foaral fan ûnder de grutte rivieren wei. Ut Amsterdam en Rotterdam. Justerjûn om tsien oere kaam de lêste. Ik sei: jimme kinne der noch wol yn, mar dan oernachtsje op it parkearplak."

Okkema wie 38 jier slachtersfeint doe't er yn 2006 tegearre mei syn dochter de saak oernaam. "Sy nimt it letter fan my oer en dêr bin ik tige wiis mei."

Slachter Murk Okkema komt krekt út -17, de kuolsel.

Murk Okkema en syn dochter Erika foar harren slachterswinkel yn Wommels - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
10:40
Twatalige swimles yn Wommels

Ferslachjouwer Willem de Vries is yn swimbad De Klomp yn Wommels. Dêr jout Alien Okkema swimles oan in groepke bern. Se gean foar it B-diploma en moatte mei klean oan swimme. Dat is needsaaklik, want "as se mei klean oan yn it wetter falle, moatte se harsels ek rêde kinne."

Oan de kant sitte foaral memmen ta te sjen. "De âlden bemuoie harren der wolris mei", jout Okkema ta, "mar as it te mâl gie, sizze wy der wat fan." En Okkema jout ek nochris twatalich swimles, ôfhinklik fan wat it bern praat.

Alien Okkema

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
10:15
Wommels tsiisdoarp

Museum it Tsiispakhûs jout in ynsjoch yn hoe't it der foarhinne om en ta gie mei de ferwurking fan molke ta bûter en tsiis, doe't dat noch mei de hân dien waard. "Foar de komst fan keunstbûter (lês: margarine) wie bûter it eksportprodukt dêr't yn Fryslân jild mei fertsjinne waard", fertelt Harry van Putten. Letter waard dat tsiis.

Oan De Terp yn Wommels stean no noch huzen fan tsiishannelers. De huzen binne te werkennen oan it healrûne rútsje. Under waard wenne en boppe wie de opslach fan tsiis. Oer de Boalserter Feart gie de tsiis mei beurtskipkes de wide wrâld yn.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat yn it Tsiispakhûs mei Harry van Putten

10:00
Wat hie de Freule mei Wommels?

Wa't Wommels seit, seit ek fuortendaliks de Freule. De keatspartij foar jonges dy't alle jierren plakfynt kin dit jier fanwege de coronakrisis net trochgean. Hoe kaam 'de Freule' eins yn Wommels telâne en wêrom is de keatspartij nei har neamd?

Clara de Vos van Steenwijk (Zwolle 1869 - Vancouver 1960) wie in nicht fan de boargemaster fan doe. Sadwaande kaam se wol yn Wommels. Se luts har de earmoed bot oan en besleat de minsken te helpen. Sa liet se in tal huzeblokken sette dêr't de earmen yn wenje koene. De huzen fan giele stien stean der no noch. Der wie en is no noch in stik grûn by dêr't minsken harren eigen griente ferbouwe koene. Om de jongerein sûn te hâlden, stipe se in keatspartij mei in jildbedrach. En dat is in tradysje wurden.

Doarpskenner Johan Wagenaar oer de Freule

9:45
Wommels is boud op terpen

Terpdoarp Wommels hat sawat 2200 ynwenners, rûst doarpskenner Johan Wagenaar. It is in sosjaal doarp fan mei-inoar ien. Nettsjinsteande dat de middelbere skoalle en it gemeentehûs út it doarp ferdwûn binne, is der wol belangstelling fan nije ynwenners.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Wagenaar by it âlde keatsfjild - dat De Terp hjit - yn it sintrum fan it doarp. Dat waard foarhinne ek brûkt as blikke om de wask op te drûgjen, "Elkenien hie syn eigen stikje." Markant punt dêr is ek de Wilhelminabeam, plante yn 1898 doe't de 18-jierrige Wihelmina keninginne waard.

Wommels is boud op terpen, fertelt doarpskenner Johan Wagenaar

9:30
Wolkom yn Wommels

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is tongersdei te gast yn Wommels. Ferslachjouwers Johanna Brinkman en Willem de Vries dogge de hiele dei ferslach.

Woansdei wie Simmer yn Fryslân yn Burdaard. Dat kinne je hjir weromlêze.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)