Fytse yn it MCL tenei net mear saai; firtuele tochten troch stêden of natuergebieten

It sikehûs MCL yn Ljouwert krijt nije wike moandei sân nije hometrainers, dy't minder saai binne as gewoane hometrainers. Dizze nije fytsen hawwe in byldskerm. Dêrmei kinne pasjinten firtuele fytstochten meitsje troch stêden of natuergebieten. Wylst de pasjinten fytse, binne op it skerm libbensechte bylden fan de rûte te sjen.
© MCL
Mei-inoar binne der 500 ferskillende fytsrûten yn binnen- en bûtenlân beskikber. Yn it MCL wurde al faak gewoane hometrainers brûkt foar pasjinten dy't oan har kondysje wurke moatte, mar it MCL hopet dat de nije ynteraktive fytsen soargje foar ekstra motivaasje. De nije fytsen sille moandei yn gebrûk naam wurde yn bywêzen fan Cambuurtrainer Henk de Jong.