Kollum: "Skriezen"

23 jul 2020 - 08:15

"Soms is der eat op 'e radio wêrtroch je noch even yn 'e auto sitten bliuwe as je al op it plak fan bestimming binne. Yn dit gefal ried ik op de A2, mar ik ferdwûn even hielendal yn 'e radio. Lara Rense, de keninginne fan 'e middei op Radio 1, hie in man út Twinte oan 'e lijn. Ik moat earlik sizze dat ik earst wat muoite hie om 'm te ferstean. Mar der wie wat mei dizze man, wêrtroch ik de knop fan 'e radio wat lûder sette.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

It giet om Hennie Schröder, foarsitter fan de Vogelwerkgroep Geesteren. Geesteren leit yn 'e buert fan Almelo, en de Vogelwerkgroep hat yn 'e ôfrûne jierren alles op alles setten foar it behâld fan greidefûgels. Dat dogge se tegearre mei boeren, en dat giet net iens sa min. Se hiene dit foarjier sechstjin nêsten fan skriezen. Mar hast alle pykjes út dizze nêsten ha it net rêden. Miskien in pear, sei Hennie op 'e radio, mar hast wol wis gjin ien. Ta syn grutte fertriet. Skriezen binne der hast nearne mear yn Twinte, seit Hennie. Se lûke dêrom nei dizze lêste lokaasjes. Mar ja, as it sa giet, dan hâldt dat ek op fansels.

Wat is der bard? Hennie siet al frij heech yn syn stim, mar it gie noch wat omheech. Net út lilkens, mar omdat Hennie in man is dy't it ta in libbensoertsjûging makke hat om oere minsken út te lizzen hoe't it sit. Sommige mannen ha dat. It pakt net altyd goed út. Hawar: de piken binne opiten troch 'predatoren', rôvers, sa as foksen, marters, roeken en reagers, sei Hennie. Frijwilligers fan 'e wurkgroep 'Red de Grutto' binne sa teloarsteld, dat se der wol mei ophâlde wolle. Hennie net, sa fertelt hy fol fjoer op 'e radio. Moatte se de foksen no fange en in kopke lytser meitsje, frege Lara. Neehee, sei Hennie, dêr ha ik gjin ferlet fan. It binne moaie bisten. Mar se moatte fansels wol fan de skriezen ôf bliuwe. Hy sil it yn elk gefal nochris probearje. Mei greppels en stekken hopet hy de predatoaren op ôfstân te hâlden.

De technikus fan Lara sette de eintune der al yn, doe't Hennie noch wat sizze woe. Lara liet him syn gong gean. Mei keunstmjittige yntelliginsje, sa gie hy fierder, hoopje se fallen meitsje te kinnen. Sa hopet hy de foks te fangen en 'm fierderop wer frij te litten. Mei nije techniken moatte de predatoaren fuort hâlden wurde. Hy hat it wurd 'predatoren' wol sechstjin kear sein.

Oan it entûsjasme fan Hennie sil it dus net lizze. Ik moast tinke oan wat ús heit in pear jier lyn al sei, oer dat de greidefûgels ferdwine. Troch rôffûgels, sei hy. Ik hie myn betingsten, want al dat lân sûnder greppels fan 'e ôfrûne desennia, mei produksjegers en gjin wâl dy't ûnbenut is, dat helpt dochs ek net. Miskien. Mar wat yn elk gefal net helpt is it werom bringen fan al die rôffûgels.

En sa zoom ik noch wat fierder út. Op it nijs wer de Oostvaardersplassen mei it oerskot oan reaharten. Oan 'e iene kant de minsken dy't safolle mooglik bisten libje litte wollen, oan 'e oare kant de minsken dy't yngripe wolle om't it oars ek net klear komt. Ik kin net kieze foar de ien of de oar, want mei myn stânpunt dat der yn Nederlân gjin echte natuer bestiet en it dus altyd beheard wurdt op ien of oare manier, kinst sawol beärgumintearje dat se ôfsketten wurde moatte foar in sûne populaasje, as datst se byfuorje moatst yn skrale tiden. Dat it net oan my leit dat ik der net útkom, wurdt wol bewiisd troch dat de kwestje no hielendal by de Raad van State leit, it heechste rjochtsorgaan yn ús lân. Us heit hie wer ris gelyk.

Noch in berjochtsje op 'e radio: in frou hie ûnder de rook fan Amsterdam yn in polder flamingo's sjoen. It skynt faker foar te kommen yn ús lân yn july. Mar ik wurd der wat dûzelich fan. Jou my mar skriezen.

Hennie Schröder út Geesteren fynt dat by need jagers ynset wurde moatte foar de beskerming fan 'e greidefûgels. Foar de polityk, want alles is úteinlik polityk, hat er ek in boadskip: sis wat der barre moat. Moatte de skriezen útstjerre, jou dat dan mar oan, seit Hennie. Ik fyn dat er in punt hat. Boeren en frijwilligers kinne in soad foarinoar krije. Mar alle natuer in Nederlân is kultuer, en alle natuer is it resultaat fan in kar. It hat moaie radio oplevere, mar ik wit net of dat noch op 'e tiid komt foar de lêste skriezen."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)