Jonge Ljouwerter stoomt proffuotballers mei privee-training klear foar nije seizoen

23 jul 2020 - 07:46

Hy is 23 jier en fuotballet sels yn it earste by Blau Wyt '34, mar dochs komme guon proffuotballers by Kayin Kleefstra del foar trainingen. Kleefstra is eigener fan in fuotbalskoalle en stoomt ûnder oaren Mark Diemers (Feyenoord), Mees Hoedemakers, Issa Kallon en Ragnar Oratmangoen (alle trije SC Cambuur) klear foar it nije seizoen.

Yn de oanrin nei it nije fuotbalseizoen by Feyenoord wie Diemers de earste dy't dizze simmer begûn mei de ekstra trainingen. Trochdat bylden dêrfan op social media dield waarden, seagen ek ferskate Cambuur-spilers it. Sa kamen ek ûnder oaren Hoedemakers, Kallon en Oratmangoen by Kleefstra terjochte. "Ik denk dat ik oefeningen bedenk die ik probeer op zo'n hoog mogelijk niveau te zetten, zodat ik die jongens uitdaag", sa fertelt Kleefstra. "Ik weet dat ik die jongens niet veel ga bijbrengen, maar ik denk dat ik ze wel kan uitdagen in mijn vormen. Dat is mijn doelstelling bij trainingen. En dat ik ze fit houd."

Foto: Omrop Fryslân

Mar wat dogge se no krekt op sa'n privee-training? Kleefstra: "Het is heel veel kort voetenwerk, waarbij je veel bezig bent met passing en 'awareness', dat is weten wat er om je heen gebeurt. Daarom werken we ook met iPads waar nummers en kleuren op te zien zijn, waarbij ze handelingen moeten doen. Dat is wat we voornamelijk doen, maar ook schiettechniek en alles eromheen."

Kallon hat in soad foardiel fan de ekstra trainingen, sa fertelt er. "Hij heeft veel goede trainingsstof en dat is goed voor je vaardigheden. Hij heeft oefeningen waarbij je je balgevoel en je vaardigheden heel erg traint. Ik denk dat het voor ons allemaal goed is."

Foto: Omrop Fryslân

Neffens de oanfaller heakje dizze ekstra trainingen ek echt wat ta oan wat se by de klup dogge. "Op de club train je meer in groepsverband. Hier kun je echt je individuele dingetjes trainen. Op de club heb je daar misschien één dag voor van de zes, zeven trainingen in de week. Hier is alles op jou gericht en krijg je veel aandacht. Dat is fijn."

Fan 1 jannewaris ôf is Kleefstra eigener fan fuotbalskoalle Panenka. Hy is grutsk dat er dat foarinoar krigen hat op 23-jierrige leeftiid en is Emiel Kramer, de eigener fan no, tankber. "Het is wel een droom die uitkomt."

(advertinsje)
(advertinsje)